Springe nei ynhâld

Houtsjer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Houthakker)
Houtsjer

In houtsjer of houthakker is immen dy't beropmjittich yn 'e boskbou wurksum is en dêrby ta taak hat om beammen te kapjen. Yn lannen mei in grutte houtferwurkjende yndustry, lykas Kanada of de Feriene Steaten, binne houtsjers almeast yn 'e tsjinst by partikuliere bedriuwen. Yn Nederlân wurkje de measte profesjonele houtsjers by of yn opdracht fan Steatsboskbehear en steane se yn 'e regel ûnder lieding of tafersjoch fan in boskwachter of in houtfêster. Foarhinne brûkten houtsjers faak in heksebile of in lûkseage; tsjintwurdich binne se tarist mei keatlingseagen of noch swierder materieel, lykas beammeroaimasines.

Houthakjen is tsjintwurdich ek útgroeid ta in sport, dy't lokaal, nasjonaal en ynternasjonaal organisearre is en beoefene wurdt, en it bekendst is ûnder de Ingelske namme timbersports. Yn Nederlân is hjirfoar it offisjele oerkoepeljende sportbûn de Stifting Nederlânske Boskarbeidwedstriden (SNB), dy't erkend is troch de International Association Logging Championships (IALC).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.