Springe nei ynhâld

Hommemasate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Honnema-sate)

De Hommemasate wie in eardere sate by de Sinnema’s brêge oer de Hijumer Feart ûnder Hijum. Fan de sate is neat mear stean bleaun. De foarein is oant yn de fyftiger jierren fan de 20e iuw stean bleaun. It stee dêr't de sate stie, oan de eastkant fan de feart dêr't dy noard-súd rint, wurdt no ta Alde Leie rekkene.

Yn de twadde helte 18e iuw wennen hjir de bruorren Roelofs, dy't de sate hierden; as lêste fan harren wenne hjir yn de 19e iuw oant syn ferstjerren yn 1828 noch Arjen Roelofs. Noch yn 1941 stie op detailkaarten by de sate de tekst Arjen Roelofs. Wat oerbleaun is, is de namme de Roels Pôle.

Op dizze foto út 1941 stiet de foarein fan Hommemasate der noch.