Hofdei
In hofdei (Dútsk: Hoftag) wie de namme fan in ynformele en ûnregelmjittige gearkomste dy't byienroppen waard troch de Roomsk-dútske kening, Roomsk-dútske keizer of ien fan de foarsten fan it Hillige Roomske Ryk. Earder waarden sokke gearkomsten ek wol as Ryksdagen ferwiisd, mar dy gearkomsten hoechden net persfoarst oer saken oangeande it keizerryk, mar earder oangeande harren yndividuele belangen. De wetlike macht fan de Ryksdei ferskynde pas folle letter.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De foarsten hiene de feodale ferplichting om de kening yn hâlden en dwaan by te stean. Yn de hege midsiuwen waarden hja hjitten om foar de kening te ferskinen, as er der om frege, by keninklike gearkomsten om rie te jaan en mei te dwaan yn it meitsjen fan besluten. Dat waard de saneamde Hoffartspflicht neamd. De gearkomsten krigen yn de ferskillende boarnen ferskillende nammen, lykas parlamentum, conventus, colloquium, curia of curia regis. Al dy nammen waarden wol taheake mei de eigenskipswurden solemnis (seremonieel) of magnus (grut) om nei harren belang te ferwizen. De hofdei ferskilde fan oare keninklike byienkomsten, allinnich al troch wa't der útnûge waarden. Dat koene foarsten, eallju, prelaten of fertsjintwurdigers fan bûtenlânske machten wêze. Fan de trettjinde iuw ôf, waarden fertsjintwurdigers fan de frije ryksstêden ek útnûge op de hofdagen. De gearkomsten waarden organisearre neffens de hofhâlding en wiene konsintrearre op de kening.
Wannear't de kening sokke gearkomsten hâlde liet, en wa't er útnûge, wie alhiel syn beslissing. It is lykwols dreech in ferskil te meitsjen tusken de rie dy't troch de foarsten jûn waard en harren wetlike tastimming ta in beslút. It wie harren plicht om de kening yn rie by te stean, mar der ûntstie letter de need dat de foarsten rieplachte wurde moasten oer wichtige saken oangeande it keizerryk, sa as bygelyks kriichsferklearring. Oer hokker saken de kening krekt rieplachte, wie de beslissing fan de kening sels. Dêrom kinne de hofdagen net as in ynstitúsjonele mienskiplike macht fan de foarsten sjoen wurde.
Oarkonden fan de hege en lette midsiuwen befetsje wichtige ynformaasje, oangeande beliedsbesluten fan de ryksstannen, neamden dat besluten makke waarden mei rie en tastimming fan de foarsten. Beide begripen waarden yn de oarkonden as synonimen brûkt foar in wetlik stânpunt. De foarsten dy't net útnûge waarden, of dy't yn de opposysje fan de kening stiene, fielden harren net ferbûn oan de beslissings fan de hofdagen.
Nei de Grutte Interregnum (keningleas tiidrek) fan de trettjinde iuw naam de rol fan de karfoarsten ta, om't dy as ryksfoarsten de rol oernamen om harren goedkarring oer wichtige besluten oangeande it keizerryk te jaan mei saneamde tastimmingsbrieven (Willebriefe).
Nei't de kening syn macht fierder ôfnaam oan de ein fan de fjirtjinde iuw, yn it foardiel fan de foarsten, waarden de "keningleaze gearkomsten" (Königlose Tage) wichtiger, en waarden hast net mear hofdagen neamd. Troch dy keningleaze gearkomsten ûntstie de need foar in ynstitúsjonele gearkomste en oan de ein fan de fyftjinde iuw ûntstie de Ryksdei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|