Springe nei ynhâld

Gleone Janke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hite Bliksem)

Gleone Janke is in gerjocht fan de Lege Lannen, makke mei likernôch likefolle ierpels as apels. Der wurde altiten swiete apels brûkt, mar yn de measte streken fan Nederlân ek in part soere apels, mar net mear soere apels as swiete. Yn Fryslân wurdt Gleone Janke almeast mei rikke spek makke.

Gleone Janke is iten út streken dêr't fruchten foar hannen wienen. Dêrom wurdt it makke by de grutte bongerts, mar ek dêr't minsken ornaris in pear beammen efter it hûs hienen, lykas yn Fryslân. Al dy streken hawwe lykwols harren eigen ferzje. Sa is der ûnder oaren Gleone Janke mei spek, mei mosterd, mei parren, mei rezinen en mei sipels. As puree hjit dizze kombinaasje Himel en Ierde; dy ferzje wurdt ek fierder oer de grinzen makke, yn alle gefallen oant yn Switserlân.

  • 400 gr ljocht rikke, trochgroeid spek
  • 750 gr swiete apels
  • 750 gr soere apels
  • 1-1/2 kg jirpels
  • piper

Winken:

  • De Borger en de Junior binne gaadlik foar ierpels; de Goudrenet en de Bloemee binne gaadlik foar de swiete apels.
  • Set it spek mei wetter op en sied it earst 30 minuten.
  • Skyl de apels en snij de klokhuzen der út.
  • Skyl en waskje de jirpels.
  • Doch de jirpels en de apels by it spek en sied alles noch 25 minuten.
  • Helje it spek út de panne en stamp de jirpels en apels tegearre fyn.
  • Doch der wat piper by
  • Snij it spek yn plakken en lis dy op de stamppot.

Winken:

  • De Gleone Janke is gleon om't der in soad hjit focht yn oerbliuwt. At der oars te folle oerbliuwt, jit it focht dan ôf ear't jo de apels en jirpels stampe, bewarje dat en doch dan nei it stampen wer genôch derby om goede stamppot te meitsjen. Ynstee fan it focht werom te jitten kin ek wat bûter brûkt wurde.
  • By Gleone Janke kin goed in plak bakte bloedwoarst, of rolpânse, mei dêrop in bakte plak apel.