Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau
Henriëtte Amalia Maria fan Anhalt-Dessau (Kleef, 16 augustus 1666 – Slot Oranienstein, 18 april 1726) wie de dochter fan Johan George II fan Anhalt-Dessau en Henriëtte Katarina fan Oranje-Nassau en dus in pakesizzer fan Freark Hindrik fan Oranje-Nassau. Hja wie mem fan njoggen bern.
Libben yn it koart en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Henriëtte waard berne yn de stêd Kleef, tsjintwurdich Dútslân. Sy boaske yn 1683 mei har neef Hindrik Kasimir II fan Nassau-Dietz. Doe't har man yn 1696 ferstoar waard hja regintesse foar har soan, Johan Willem Friso.
Yn 1710 rjochtte Henriëtte Amalia de Oarder fan it Betrouwen op.
Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau is ferstoarn yn 1727 op 59-jierrige leeftyd en begroeven yn de stiftstsjerke fan Dietz.
Hindrik Kasimir II en Henriëtte Amalia krigen njoggen bern:
- In jongferstoarne soan.
- Johan Willem Friso (1687-1711) troud mei Maria Louise fan Hessen-Kassel (1688-1765)
- Henriëtte Albertine (1686-1754)
- Maria Amalia (1689-1771)
- Sophia Hedwig (1690-1734), troud mei hartoch Karel Leopold fan Mecklenburg-Schwerin (1678-1747)
- Isabella Charlotte (1692-1757), troud mei Kristiaan fan Nassau-Dillenburch (1688-1739)
- Johanna Agnes (1693-1765)
- Louise Leopoldina (1695-1758)
- Henriëtte Kasimira (1696-1738)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau fan Wikimedia Commons. |