Springe nei ynhâld

Halvemaanspoort 15-17

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Healemoannepoarte 15-17)
De dûbele wenning oan de Halvemaanspoort 15-17

Halvemaanspoort 15-17 binne twa monumintale pânen ûnder ien kape en mei in mienskiplike geveltop yn Dokkum.

Gevelstien mei jiertal en in ôfbylding fan wolfarvers

It dûbele pân soe neffens de gevelstien út 1739 komme. De Flaamske geveltop is rynsk dekorearre yn in Loadewyk XIV-styl. Neffens Stenvert yn Monumenten in Nederland soe de ôfbylding op de gevelstien ferwize nei de wolfarverij.[1]It is lykwols nei alle gedachten in ôfbylding fan in sâltsierderij. Dy sâltsierderij stie al yn de 18e iuw op dit stee. Yn saneamde sâltpannen waard Noardseewetter, dat mei houten skippen yn Dokkum oanfierd waard, ferdampt.[2] Ien fan dizze sâltbaarnders wie Gosse Jacobs Heeringa, tagelyk kastlein fan "Het Wapen van Dokkum".

Beide pânen binne erkend as ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stenvert, Ronald (et al.) Monumenten in Nederland. Fryslân
  2. Nieuwe Dokkumer Courant d.d. 22 maart 2010 Gevelsteen: De Gekroonde Zoutziederij