Springe nei ynhâld

Hammoerabi

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hammûrabi)
Hammoerabi en Samas
Babyloanje ûnder Hammoerabi

Hammoerabi (Akkadyske foarm fan it Amorityske ˤ Ammurāpi, "besibbe genêzer", ôflaat fan ˤ Ammu, "besibbe oan heitekant", en Rāpi, "genêzer"), ± 1810 - 1750 f.Kr. wie de seisde kening fan Babylon. Hy waard as Amoryt de earste kening fan it Aldbabyloanyske Ryk. Troch in rige oarloggen tsjin de oanlizzende keninkriken te winnen, slagge hy deryn de kontrôle fan Babylon oer Mesopotaamje út te wreidzjen. Hoewol't syn ryk hiel Mesopotaamje kontrolearre op it momint fan syn ferstjerren, wienen syn opfolgers net by steat om dat ryk by ien te hâlden.

Hammoerabi stiet bekend om syn wetten, dy't oerlevere binne yn de saneamd Kodeks Hammoerabi, en dy't ien fan de earste skriftlike kodifikaasje yn de skiednis wie.

Hammûray urf yn 1792 f.Kr. de troan fan syn heit Sin-Muballit, dy't as kening hearske oer de stêdsteat Babylon. Babylon wie ien fan de protte stêdsteaten yn de Mesopotamyske flakte dy't geregeld ûnderling kriich fierden oer it besit fan fruchtbere lânbougrûn. Earder foarsten fan Babylon hiene omlizzende stêdsteaten al yn de macht krigen. Doe't Hammoerabi oan it bewâld kaam, foelen de stêdsteaten fan Borsippa, Kish en Sippara al ûnder syn gesach, it machtige keninkryk fan Eshnunna behearske de bopperin fan de Tigris, wylst Larsa de rivierdelta kontroleare. Yn it easten lei it keninkryk fan Elam en yn it noarden regeare Shamshi-Adad I dy't in op ekspânsje rjochte polityk fierde.

De earste tsien jierren fan Hammoerabi syn bewâld ferrûn relatyf rêstich. Hammoerabi hat dy tiid brûkt om in rige publike wurken te ferrjochten, wêrûnder it ferheegjen fan de stedsmuorren en útwreiding fan it tal timpels. Om-ende-by 1766 f.Kr. foel hy it machtige keninkryk fan Eshnunna oan, dat wichtige hannelsrûtes oer it Zagrosbertme kontrolearen. Mei syn bûnsmaten ûnder de stêdsteaten fan de Mesopotamyske flakte, bestride en ferwoaste hy Eshnunna. In grut tal stêden waard dêrby ferwoaste en de alliânsje fan Hammoerabi leinen foar it earst har hearskippij op oan in part fan de Mesopotamyske flakte. It keninkryk fan Elam, dat har hiel bot bedrige fielde, besocht in oarloch út te lokken tusken it Babylonyske ryk fan Hammoerabi en it ryk fan Larsa. Lykwols ûntdekke Hammoerabi en Rim-Sin, de kening fan Larsa, it bedroch en slute meielkoar in alliânsje tsjin Elam. Tegearre falle sy dat ryk oan en bringe har in ferpletterjende nederlaach ta. Lykwols wie de militêre ynspanning fan Hammoerabi it grutst, want hy makket him der lulk oer dat syn bûnsmaat sa'n bytsje meidie. Hy keart him tsjin Rim-Sin dy't er om-ende-by 1763 f.Kr. ferslaat. Dêrtroch wit hy de hiele leechflakte fan Mesopotaamje ûnder him te ferienigen.

Hammoerabi is nei alle gedachten deselde persoan as Amrafel dy't yn de bibel neamd wurdt.

Kodeks Hammoerabi

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wetten dy't fan Hammoerabi oerlevere binne, de saneamd Kodeks Hammoerabi, binne optekene op in sawat 3 meter hege stèle fan swart dioryt yn it Ald-Babyloanysk. De stien waard yn desimber 1901 ûntdekt yn Susa (yn Elam), no lizzend yn Koezistan, dêr't hy yn de 12e iuw f.Kr. bedarre wie as bút fan de Elamiten. De stien wurdt op it heden tentoansteld yn it Louvre yn Parys. De wetten fan Hammoerabi jilden as ien fan de earste skriftlike kodifikaasje yn de skiednis, mar binne sels baseare op noch eardere Sumearyske wetten.

De Kodeks fan Hammoerabi gean oer in wiid spektrum fan ûnderwerpen lykas lânbou en feehâlderij, diefstal, moard, deaslach, lichaamlik letsel, skea oan goederen, houliksrjochten, de posysje fan de frou en dat fan it bern. Yn totaal wurde 282 wetten op de stien beskreaun. Sy falle op troch har grutte hurdheid en strengheid, bygelyks in wet as dizze: "Hat in boumaster in hûs bouwe litte dat ynstoart, en wurdt de bewenner derby deade, dan moat de boumaster sels ek deade wurde; wurdt de soan fan de bewenner deade, dan moat de soan fan de boumaster deaden wurde."

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • B.T. Arnold, Who Were the Babylonians?, Leien, 2004.
  • M. van de Mieroop - King Hammurabi of Babylon: A Biography, Malden, 2005.
  • I. Velikovsky - Hammurabi and the Revised Chronology, yn KRONOS 8 (1982), pp. 78-84.