H. Heeringa-Seepma
Heabeltsje Heeringa-Seepma (Ternaard, 29 juny 1919 - Feanwâlden, 6 febrewaris 2022), wie in Frysk berneboek- en romanskriuwster.
Heabeltsje Seepma waard berne en grutbrocht op in pleats yn Ternaard. As bern mocht se graach lêze en opstellen skriuwe koe se goed. Nei har trouwen sette se har nei wenjen yn Eastrum. Se fertelde ferhalen oan har bern en skreau gedichtsjes en gelegenheidswurk. Se folge in skriftlike kursus ferhalen skriuwen en gie op Fryske les. Dat stimulearre har om fersen en ferhalen yn te stjoeren nei streekblêden yn de buert en nei de bernerubryk yn it Friesch Dagblad.
Se debutearre mei it berneboek Sa’n koartkop (1960, KFFB). Se die mei oan de jierlikse priisfraach fan de KFFB en wûn ferskate prizen. Skriuwe soe in fêst ûnderdiel fan har libben wurde. Nei de boeken foar jongere bern skreau se in boek dat bedoeld wie foar opgroeiende fammen, Martsje lit it net sitte (1965) en sa ûntstie de Martsje-rige. Njonken de ‘Martsje’- boeken skreau frou Heeringa-Seepma romans, in ferhalebondel ûnder de titel It griene huodsje (1988), in bondel ferhalen foar de jongerein, noch in pear berneboeken, krystferhalen en in pear fersebondels. Alles meiïnoar brocht se sa'n tritich titels op har namme.
It grutste part fan har boeken kaam út by de KFFB.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berneboeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1960: Sa’n koartkop
- 1961: It reade kraeltsje
- 1964: Rikke de kikkert
- 1971: Fuort mei de geit (2e printinge 1983)
- 1972: Meindert wurdt man
- 1975: It aventûr fan swartsturtsje
- 1977: In nuvere fakânsje
- 1978: Hwêr is Harke?
- 1980: It apelwyfke
- 1989: It hinkelbist
- 1992: Sibe wol syn mem net kwyt
Romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1965: Martsje lit it net sitte (2e printinge 1970, 3e 1990)
- 1968: Martsje koe it net witte
- 1969: Martsje : it libben yn ’e mjitte
- 1972: Meindert wurdt man
- 1974: Ik en myn memmen
- 1976: Hwerom? Hwerta!
- 1979: Martsje (trilogy)
- 1981: Fernanda wurdt plysje
- 1984: Hylkje
- 1987: In ferskoppeling
- 1988: Wêrhinne Hylkje?
- 1991: Yn foar en tsjin
- 1995: De dochter fan Martsje
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1975: Monuminten yn Eastdongeradiel
- 1982: By ús yn Eastrum : doarpsskiednis yn fûgelflecht
- 1985: Monuminten út ’e oarloch
- 1987: It griene huodsje (ferhalen)
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1982: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal De groetnis fan Beitske
- 1992: 1e priis priisfraach KFFB foar Sibe wol syn mem net kwyt
- Ferskate prizen yn in KFFB-priisfraach
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Heeringa-Seepma yn de DBNL
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|