Oregon Book Award

Ut Wikipedy
Oregon Book Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar literatuer út Oregon
útrikt troch Literary Arts, Inc.
frekwinsje 1x jiers
plak Portland (Oregon)
ynsteld 1987
offisjele webside
www.literary-arts.org/awards

De Oregon Book Awards binne in groep Amerikaanske regionale literatuerprizen yn 'e steat Oregon, dy't elts jier útrikt wurdt foar de as bêste beoardiele wurken op it mêd fan fiksje, literêre non-fiksje, poëzij, toaniel en jongereinliteratuer. De prizen waarden ynsteld yn 1987, troch de Oregon Institute for Literary Arts, de foargonger fan 'e hjoeddeistige organisator fan sawol de tawizing as de útrikking, Literary Arts, Inc., in non-profitorganisaasje út Oregon dy't himsels ta doel steld hat om it libben fan 'e Oregonezen te ferrykjen troch harren yn oanrekking te bringen mei taal en literatuer. De winners wurde útornearre op grûn fan literêre fertsjinsten, troch in sjuery wêrfan't alle leden fan bûten de steat ôfkomstich wêze moatte.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Oregon Book Awards wurde útrikt yn 'e folgjende kategoryen en subkategoryen:

  • Oregon Book Award for Fiction (1987-2002)
    • Ken Kesey Award for the Novel (2003-2007)
    • H.L. Davis Award for Short Fiction (2003-2007)
    • H.L. Davis Award for Fiction (fanôf 2007)
  • Oregon Book Award for Literary Nonfiction (1987-2001)
    • Frances Fuller Victor Award for General Nonfiction (fanôf 2002)
    • Sarah Winnemucca Award for Creative Nonfiction (fanôf 2002)
  • Stafford/Hall Award for Poetry (fanôf 1987)
  • Angus L. Bowmer Award for Drama (1987-2002)
  • Oregon Book Award for Young Readers' Literature (1990-2002)
    • Eloise Jarvis McGraw Award for Children's Literature (fanôf 2003)
    • Leslie Bradshaw Award for Young Adult Literature (fanôf 2003)
  • Special Award (1988-1995)
    • Charles Erskine Scott Wood Distinguished Writer Award (1987-2008)
    • Stewart H. Holbrook Literary Legacy Award (1987-2011)
    • Walt Morey Young Readers' Literary Legacy Award (fanôf 1998)
    • Readers' Choice Award (publykspriis, fanôf 2011)
    • Pacific Northwest College of Art Graphic Literature Award (foar grafyske romans, fanôf 2012)

Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.