Springe nei ynhâld

Pitié-Salpêtrière Hospital

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hôpital de la Salpêtrière)
1857 litografy fan Armand Gautier, persoanifikaasjes fan demintsy, megalomany, akute many, melangoly, idioatsy, hallusinaasje, eroatyske many en paralysis yn de tún fan it Hospice de la Salpêtrière.

It Pitié-Salpêtrière Hospital (Groupe hospitalier Pitié-Salpêtrière) is in akademysk sikehûs yn Parys. It is ien fan de grutste hospitalen fan Europo, ûntstien út in fúzje tusken it Hôpital de la Salpêtrière en in Hôpital Pitié yn 1964.

Pinel befrijde geastlik siken fan harren keatlings

De Salpêtrière wie oarspronklik in buskrûdfabryk ("salpeter" wurdt brûkt foar it meitsjen fan buskrûd), mar waard omfoarme ta in soarte fan stoart foar de earmelju yn Parys. It tsjinne as in finzenis foar prostituees, en in bewarplak foar geastlik beheinden, ûnberekkenbere misdiedigers, epileptisy en earmelju, dêr sieten allinne froulju.

Yn 1656 krige arsjitekt Libéral Bruant fan Loadewyk XIV opdroegen om in sikehûs op it plak fan it fabryk te bouwen, it waard it Hospice de la Salpêtrière, dat útwreide waard yn 1684.

Yn de tiid fan de Revolúsje, wie it it grutste hospitaal fan de wrâld mei in kapasiteit fan 10.000 pasjinten plus 300 finzenen, meast prostituees dy't fan de strjitten yn Parys helle wienen. Fan La Salpêtrière ut wie waarden sy mei feroardielden twong ta ferhúzjen nei de koloanje Nij Frankryk yn Noard-Amearika.

By de septimber moarden fan 1792, waard it Salpêtrière yn de nacht fan 3/4 Septimber bestoarme troch in mannichte opstannelingen út it arbeidersdistrikt Faubourg Saint-Marcel, mei de bedoeling de strjitfamkes te befrijen; 134 fan de prostituees waarden frijlitten; 25 psychysk-sike froulju hiene safolle gelok net en waarden de strjitte opsleept en fermoarde.[1]

Yn de earste helte fan de 19e iuw waarden de earste humanitêre ferbetterings yn de behanneling fan de geastlik siken ynfierd. Dat barde op inisjatyf fan direkteur Philippe Pinel, besibbe oan de Ensyklopedisten. Letter, doe't Dr. Jean-Martin Charcot direkteur waard en de ôfdieling mei geastlik siken oernaam, waard it Salpêtrière in ferneamd psychiatrysk sintrum. Charcot (de 'Napoleon fan de Hystery') wurdt faak beskôge as de stifter fan de moderne neurology. Neist behanneling joech er ek ûnderrjocht yn it Salpêtrière dat holpen hat by it ferklearjen fan it ûntstean en de patofysjology fan tal fan sykten, sa as neurosyfilis, epilepsy, multiple sklerose en oerhalen. Fierders die Charcot ûndersyk nei de tapassing fan hypnoaze en wie er ferneamd fan syn ûndersyk nei- en demonstraasjes fan 'hystery' by froulju. Studinten út hiel Europa kamen op Charcot's kolleezjes ôf. Dêr wie ek in jonge Sigmund Freud ûnder. Charcot soe in ferhâlding hân hawwe mei ien fan syn pasjinten, Jane Avril, dy't letter in ferneamd dûnseresse en model fan de skilder Henri de Toulouse-Lautrec wurde soe.

It Pitié-Salpêtrière is no in algemien Unversiteitsskikehûs.

Ferneamde dokters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under oaren:

  • Prinses Diana (1961-1997) is stoarn yn it Hôpital de la Pitié-Salpêtrière.
  • It personaazje Hedwig út de roman Van de koele meren des doods fan skriuwer en psychiater Frederik van Eeden wurdt opnaam yn it Hôpital de la Salpêtrière.
  • Yn de roman Blanche en Marie fan Per Olov Enquist wurdt in jonge Blanche Wittman as senuwpasjint opnaam yn de psychiatryske klinyk fan it Salpêtière, dêr't Charcot har dokter is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It barren is wiidweidich beskreaun troch Mary Bosworth yn, "Anatomy of a Massacre: Gender, Power, and Punishment in Revolutionary Paris" Violence Against Women, 7.10, (2001:1101–1121).