Golf fan Suëz
Appearance
(Trochferwiisd fan Golf fan Suez)
Golf fan Suëz | ||
geografy | ||
type wetter | baai | |
lokaasje | tusken it fêstelân fan Afrika en it Sinaïskiereilân | |
lân | Egypte | |
koördinaten | 28°45′ N, 33°00′ E | |
ûnderdiel fan | Reade See | |
sifers | ||
maks. lingte | 314 km | |
maks. breedte | 32 km | |
oerflak | 25.000 km² | |
djiptegemiddelde | 40 m | |
djipste punt | 70 m | |
Satellytfoto fan t Sinaïskiereilân mei de Golf fan Suëz yn it westen en de Golf fan Akaba yn it easten. |
De Golf fan Suëz (Arabysk: خليج السويس; Khalyj as-Suways) is de westlike útrinner yn it noarden fan de Reade See. De eastlike útrinner is de Golf fan Akaba. De Golf fan Suëz is 40 miljoen jier âld, dat in relatyf jonge riftsône en berint in lytse 300 kilometer fan de Reade See oant Suëz by de yngong fan it Suëzkanaal. Mids de Golf fan Suëz rint de grins tusken Afrika en Aazje.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rânen fan de Golf fan Suëz hawwe grutte Egyptyske ierdoaljefjilden. Ien fan de âldste dy't noch yn it wurk is, is it Gemsa fjild foar de súdwestlike kust. It fjild waard al yn 1869 ûntdutsen en sûnt 1910 eksplorearre. Ek wurdt hjir ierdgas wûn.