Golf fan Oman
Appearance
Golf fan Oman | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Iran en de súdeast- punt fan it Arabysk Skiereilân | |
lân | Fer. Arabyske Emiraten Iran Oman Pakistan | |
koördinaten | 25° N, 58° E | |
ûnderdiel fan | Yndyske Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 560 km | |
maks. breedte | 340 km | |
oerflak | 115.000 km² | |
djiptegemiddelde | 2.734 m | |
djipste punt | 3.692 m | |
De Golf fan Oman sjoen fanôf de Emiratyske kust. |
De Golf fan Oman is it noardwestlike part fan de Arabyske See, dat mei de Perzyske Golf ferbûn is troch de Strjitte fan Hormuz. Yn it noarden grinzet de Golf oan Iran en in lyts stikje Pakistan, yn it westen oan de Feriene Arabyske Emiraten en de Omaanske eksklave Mûsandam, en yn it suden oan Oman. De Golf is tige wichtich foar de wrâldekonomy omdat in hiel soad ierdoalje troch de Golf transportearre wurdt.
Dit artikel is in stobbe oer Oerflaktewetter.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |