Springe nei ynhâld

Golf fan Oman

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Golf fan Omaan)
Golf fan Oman
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken Iran en de súdeast-
   punt fan it Arabysk
   Skiereilân
lân Fer. Arabyske Emiraten
Iran
Oman
Pakistan
koördinaten 25° N, 58° E
ûnderdiel fan Yndyske Oseaan
sifers
maks. lingte 560 km
maks. breedte 340 km
oerflak 115.000 km²
djiptegemiddelde 2.734 m
djipste punt 3.692 m
De Golf fan Oman sjoen fanôf de Emiratyske kust.
De Golf fan Oman sjoen fanôf de Emiratyske kust.

De Golf fan Oman is it noardwestlike part fan de Arabyske See, dat mei de Perzyske Golf ferbûn is troch de Strjitte fan Hormuz. Yn it noarden grinzet de Golf oan Iran en in lyts stikje Pakistan, yn it westen oan de Feriene Arabyske Emiraten en de Omaanske eksklave Mûsandam, en yn it suden oan Oman. De Golf is tige wichtich foar de wrâldekonomy omdat in hiel soad ierdoalje troch de Golf transportearre wurdt.

Dit artikel is in stobbe oer Oerflaktewetter.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.