Springe nei ynhâld

Golf fan Mannar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Golf fan Manar)
Golf fan Mannar
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken it Yndysk subkontinint
   en Sry Lanka
lân Yndia
Sry Lanka
koördinaten 8°28′ N, 79°1′ W
ûnderdiel fan Yndyske Oseaan
sifers
maks. lingte 160 km
maks. breedte 275 km
oerflak 10.500 km²
djiptegemiddelde 5,8 m
djipste punt 1.335 m
De Golf van Mannar is it donkerblauwe part fan de seestrjitte tusken Yndia en Sry Lanka. De Strjitte fan Palk is ljochtblau. Loftsûnder de Maldiven.
De Golf van Mannar is it donkerblauwe part fan de seestrjitte tusken Yndia en Sry Lanka. De Strjitte fan Palk is ljochtblau. Loftsûnder de Maldiven.

De Golf fan Mannar is in part fan Yndyske Oseaan; it leit tusken de meast súdlike punt fan Yndia en Sry Lanka. Der binne teminsten 117 koraalsoarten registrearre dy't yn de Golf fan Mannar foarkomme. Ek seeskyldpodden, haaien en dolfinen komme geregeldwei yn de golf foar. Dochs is de mannichte bisten de lêste jierren tebekrûn, mei as gefolch fan oerbefiskjen en fersmoarging. De fiskfangst is dêrtroch frijwat sakke. Teffens hawwe de koraalriffen slim te lijen hân fan tsientallen jierren ûnferstannich rispjen.

De Golf fan Mannar krige syn namme fan it Sry Lankaanske eilân Mannar en it plak mei deselde namme, Mannar.

De Golf fan Mannar is al twatûzen jier ferneamd om syn pearelbanken. Plinius de Alde (2379) neamde de pearelfiskerij yn de Golf de meast produktive fan de wâld.[1][2] Hoewol't it rispjen fan natuerlike pearels meast te djoer fûn wurdt, wurdt it noch altyd dien yn de Golf.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sitaat út India and the Indian Ocean Fisheries [ http://eprints.cmfri.org.in/874/1/Article_03.pdf Journal of the Marine Biological Association of India troch R. Raghu Prasad and P. V. Ramachandran Nair, 1973, sd.1–19]
  2. Indian Pearl Fisheries of the Gulf of Manar and Palk Bay troch James Hornell, útj. BiblioBazaar 2009
  3. Gems: their sources, descriptions and identification troch Michael O'Donoghue; útj. Butterworth-Heinemann 2006