Gilderik I
Gilderik I (likernôch 440] - 481 of 482) wie in Frankyske hearsker. Hy folge syn heit Merovech op as kening of hartoch oer de Salyske Franken yn 'e omkriten fan Doornik. Gilderik tsjinne nei gedachten as generaal ûnder de Romeinske keizer Majorianus en letter ek ûnder de Gallo-Romeinske hearskers Aegidius en Paulus. Syn soan Klovis waard de earste kening oer alle Franken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de dea fan syn hei yn 458 ferkrige Gilderik it liederskip. Hy hie syn machtsbasis earst om de stêd Doornik en behearske fan dêr't mooglik de Romeinske provinsje Belgica.
Neffens de oerlevering soe Gilderik op in bepaald stuit him sa faak fergrepen hawwe oan jonge froulju fan aadlike komôf, dat it troch it folk net langer mear tolerearre waard. Dêrom soed er acht jier yn ballingskip yn Türingen trochbrocht hawwe oant hy weromkomme mocht en it keningskip opnij op him nimme koe. Neffens deselde skiednis soe hy keninginne fan de Türingers, Basina, ferleid hawwe en naam har mei as frou nei hûs.
Gilderik focht inkele malen oan de side fan de Romeinen, ûnder mear mei Aegidius tsjin de Fisigoaten yn de slach by Orléans fan 463 en mei Paulus tsjin de Saksen yn de slach by Angers yn 469. Dizze Saksen hienen har oan de mûning fan de Loire festige.
Der binne oanwizings fûn dat it Gallo-Romeinske Ryk fan Syagrius de hân deryn hienen dat de macht fan Gilderik stadich tebek rûn en wol sadanich dat er it lêst allinnich noch it gebietsje behearske ten noarden fan Doornik.
Gilderik wie hei fan fjouwer bern, ien soan (de legindaryske Klovis) en trije dochters Lantechilde, Audofleda (trout mei Diderik de Grutte) en Abboflede.
Gilderik stoar op 26 novimber 481 en waard opfolge troch syn soan.
Oer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 17e iuw waard it grêf fan Gilperik yntakt ûntdekt ûnder de Sint-Brixiustsjerke te Doornik, mei 21 hynsteoffers, in folslein wapenrêsting (swurd, messen, werpbyl, lans, skild), in muntskat en talrike juwielen en in gouden bollekop. it wie dúdlik gjin kristlike greve. De skatten waarden skonken oan kening Loadewyk XIV fan Frankryk (dy't er neffens de oerlevering net bliid mei wie). Yn 1831 waard de skat stellen en op inkele stikken nei binne alle juwielen doe omsmeie. De gouden bijen dy't op de mantel fan Gilderik stikt wienen, hawwe Napoleon ynspirearre as symboal foar syn keizerryk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gilderik I fan Wikimedia Commons. |