Springe nei ynhâld

Gersdrûgerij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gersdroegerij)

In gersdrûgerij is in fasiliteit dêr't middels koalen of letter middels gas gers omsetten wurdt in brokken of pakjes. Om de Twadde Wrâldoarloch hinne hienen in soad doarpen in eigen gersdrûgerij, faak yn de foarm fan in koöperaasje. Letter binne in soad drûgerijen fusearre. Diels troch skaalfergrutting yn de lânbou, mar ek troch de oprinnende gasprizen. Boppedat kûlen de boeren it gers hieltiten faker yn omdat it ynkûljen mei plestyk en rydbulten better foer oplevere.

In boer kin by in gersdrûgerij syn eigen gers drûgje litte en ferwurkje litte ta it einprodukt dat er hawwe wol. Ek kin hy kieze om allinnich gers te leverjen tsjin in ôfsprutsen priis. Fan dit gers kinne ferskate einprodukten makke wurde, dy't trochferkocht wurde oan oare boeren, of de detailhannel. Neist it gers wurde ek oare gewaaksen drûge, lykas luzerne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: