Gerroltsmastate
Gerroltsmastate of Gerroltsmastins wie in state noardeastlik fan Ljussens, gemeente Dongeradiel. Op it terrein stiet no in pleats, de stinswier is ôfgroeven. De stins wurdt yn 1486 neamd as steande oan de seedyk, dêr't de Dyksterwei de dyk trochsnijt.
Nei alle gedachten wie Sywrd Gherroldsma, dy't yn 1486 yn ien sike neamd wurdt mei 'Nitta to Kempaweer', de bewenner fan Gerroltsmastins. Yn 1511 wie Gerrolt Gerlsma bewenner en Popke Meckama eigener. Yn 1543 wie dat Meijne Gerroltsma en yn 1576 komt Sijbe fan Peijma as bewenner foar. Hy wie boargemaster fan Dokkum. Syn soan Tsietse hat der lang wenne; mar yn 1640 komme sy lykwols yn Dokkum foar en krektas oare stagen Peijma binne se roomsk bleaun. Yn 1646 wurdt Gerroltsma ferkocht, wêrby't neamd wurde: "seker heerlijcke stins, versien met verscheijden camers, toorn, verwulfte kelders ende andere accommoditeiten, mitsgaders alle vordere huijsinge ter plaatse staende'. Ek wienen der tunen, hôvingen en in skuorre. De tsjerke fan Ljussens makke oanspraak op in stik lân yn de stinsfinne.
De kaart fan Schotanus-Halma jout Gerroltsma as oansjenlike hofstee. No stiet der in pleats fan it kop-hals-romptype, wêrfan it foarhûs yn 1930 fernijd is. Yn de hals sit in tige dikke muorre. Under it hûs rinne kelders, dy't flak dekt binne, mar dêr't ek in grouwe muorre yn sit.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1486 Sywrd Gherroldsma
- 1511 Popke Meckama eigener, Gerrolt Gerlsma bewenner
- 1543 Meijne Gerroltsma
- 1576 Sijbe fan Peijma
- Tsietse fan Peijma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|