Geishaballen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Geisha-ballen)
Geishabaltsjes

Geishaballen is in stik seksboartersguod; it binne lytse goudkleurige baltsjes fan massyf materiaal. Se wurde yn de fagina brocht. It bewegen fan de baltsjes kin seksuele opwining feroarsaakje.

Geishaballen yn de fagina, donkerrôze de bekkenboaiemspieren

De oarspronklike bedoeling fan de baltsjes wie it trenen fan de bekkenboaiemspieren, dit troch oanspannen dêrfan de ynbrochte baltsjes tsjin elkoar oan bewege te litten. It is de hjitting dat betûfte geisja's mei op dizze wize oefene spieren, manlju ta grutte ekstaze bringe kinne.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sineeske baltsjes