Springe nei ynhâld

Geberik

Ut Wikipedy
Geberik
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Goatysk
bertedatum 1e helte 4e iuw
stjerdatum sa. 350
etnisiteit Goatysk
regear kening fan de Fisigoaten
amtsperioade 3?? – sa. 350
foargonger Arjarik
opfolger Ermannerik

Geberik († sa. 350) wie in kening fan 'e Fisigoaten út 'e 4e iuw. Hy folge Arjarik op en ferovere de Romeinske provinsje Daasje (rûchwei it hjoeddeistige Roemeenje), dat om 340 yn 'e hannen fan 'e Fandalen fallen wie. Nei't de Geberik de Fandalen ûnder harren kening Wisimar ferslein hie, moasten dy Daasje ûntromje en tastimming oan 'e Romeinen freegje om har yn it oanbuorjende Pannoanje (rûchwei it moderne Hongarije) nei wenjen te setten. Geberik brocht ek de rest fan syn libben fierhinne op it slachfjild troch, en moat om 350 hinne stoarn wêze. Hy waard opfolge troch Ermannerik.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.