Gay & Lesbian Alliance Against Defamation
Gay & Lesbian Alliance Against Defamation | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | GLAAD | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | tsjingean fan homofoby yn de Amerikaanske media | |
haadkertier | New York (New York) / Los Angeles (Kalifornje) | |
oprjochte | 1985 | |
oprjochter | Vito Russo Jewelle Gomez Lauren Hinds | |
tal leden | >15.000 | |
offisjele webside | ||
www.glaad.org |
De Gay & Lesbian Alliance Against Defamation ("Homoseksuële & Lesbyske Alliânsje Tsjin Kwealaster"), of GLAAD, is in Amerikaanske homorjochte-feriening dy't yn 1985 oprjochte waard troch Vito Russo, Jewelle Gomez en Lauren Hinds. De organisaasje hat mear as 15.000 leden, en twa haadkertieren, ien oan 'e Amerikaanske eastkust, yn New York, en ien oan 'e Amerikaanske westkust, yn Los Angeles.
GLAAD leit him derop ta om 'e Amerikaanske media yn 'e rekken te hâlden, mei as doel om homofoby en oare foarmen fan diskriminaasje tsjin homo's en lesbiënnes, biseksuëlen en transseksuëlen tsjin te gean. Teffens wol de organisaasje wjerssidich begryp tusken de homo-, bi- en transmienskip en heteroseksuële Amerikanen oanmoedigje en stribje nei folsleine lykberjochtiging foar seksuële minderheden. Dêrnjonken ûnderstipet GLAAD mei syn mediaprogramma lytse pleatslike homo-organisaasjes om effektyf mei de bûtenwrâld te kommunisearjen. Jierliks rikt GLAAD de GLAAD Media Awards út oan media-organisaasjes en film-, tillefyzje- en toanielprodusinten dy't yn har wurk de homo-, bi- en transmienskip earlik en oprjocht represintearre hawwe.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |