Springe nei ynhâld

Garaazje (bedriuw)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Garaazjehâlder)
In garaazje yn bedriuw.

In garaazje is in ûndernimming dy't him taleit op it ûnderhâld fan en reparaasjes oan auto's. Sa'n bedriuw bestiet út in wurkplak dêr't auto's behannele wurde en in kantoar foar de administraasje. Faak hâlde garaazjes har ek dwaande mei it ferkeapjen fan nije of twaddehâns auto's en/of mei de ferkeap fan brânstof. Garaazjes hawwe har benammentlik ûntjûn út eardere smidderijen, dêr't ambachtlik smidswurk ferrjochte waard, wêrûnder it meitsjen fan hoefizers en it oanbringen dêrfan by hynders. De earste moderne garaazjes ferskynden yn 'e 1920-er jierren.

Sûnt de 1990-er jierren binne der hieltyd mear garaazjebedriuwen dy't har – al of net ûnder in franchiseformule – spesjalisearje op in beskaat terrein binnen de autoyndustry. Sa binne der no bygelyks garaazjes dy't harsels bannespesjalisten neame en ek almar mear garaazjes dy't inkeld auto's fan ien beskaat merk behannelje, of fan ien beskate kategory, lykas oldtimers. Foar sawol ûnôfhinklike as by in formule oansletten garaazjes besteane der yn Nederlân mooglikheden om lid te wurden fan in brânsorganisaasje. De Bovag is de brânsorganisaasje foar universele garaazjes (dêr't men foar alderhanne reparaasjes telâne kin), wylst der bgl. foar bannespesjalisten de Vereniging Vaco bestiet. It lidmaatskip fan sa'n brânsorganisaasje wurket faak as in karmerk dat de kwaliteit fan 'e útfierde reparaasjes garandearret.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.