Springe nei ynhâld

Fuotgongersbrêge

Ut Wikipedy
In fuotgongersbrêge oer in ravyn yn it distrikt Shaharah, Jemen

In fuotgongersbrêge is in brêge dy 't allinnich brûkt wurde mei of wurde kin troch fuotgongers (en ek troch fytsers as se ôfstappe). De ienfâldichste foarbylden hjirfan binne lytse brêgen, lykas yn parken. By guon spoarweistasjons binne de perrons berikber makke troch in fuotbrêge oer de spoaren.

De opgong en delgong fan in fuotgongersbrêge is trochstrings in trep, mar in fuotgongersbrêge kin yn in tal gefallen ek berikt wurde mei in lift, sadat ek minsken yn in rolstoel en lju dy't min op 'e gong binne oan de oare kant komme kinne. It wurd fuotgongersbrêge wurdt ek brûkt foar ienfâldigere konstruksjes lykas ien of mear planken as oerbrêging fan in sleat of op in bouplak.

Fuotgongersbrêgen wurde net allinnich boud om wetter, ravinen of (drokke) ferkearsieren te oerbrêgjen, mar ek hieltyd faker om twa ticht byinoar lizzende gebouwen te ferbinen sadat men net nei it strjitnivo werom hoecht om fan it iene gebou yn it oare te kommen, mar heech (en drûch) de oerstek meitsje kin. Yn Nederlân fynt men sokssoarte, meastal oerdekte, ferbiningen ûnder oare by sikehuzen en universiteitsgebouwen.