Springe nei ynhâld

CVVO

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fuotbalferiening CVVO)
CVVO
Oprjochte13 juny 1947
PlakDe Lemmer
SportkompleksDe Rien
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Tenu
Webstee CVVO
offisjele webside

CVVO (Christelijke Vereniging Voor Ontwikkeling en ontspanning) is in fuotbalferiening fan De Lemmer. De klup is oprjochte yn juny 1946. Dy feriening bestie út kommisjes foar sjongen, deklamaasje, sport, muzyk, film en lêzingen. Op 13 juny 1947 kaam der ek in sneonsfuotbalôfdieling by. De oare aktiviteiten ferdwûnen súntsjesoan.

Yn 1968 promovearre CVVO fan it FVB nei it KNVB. Op 5 augustus 1977 ferhuze de klup nei sportpark De Rien. De feriening doch alle jierren mei oan it Njoggen Doarpentoernoai en it Lemsterlântoernoai. de klupkleuren binne in wyt shirt mei in blauwe baan yn 'e midden, blauwe broek en blau/wite sokken.

Tredde klasse A (1)
Kampioen yn 2012
Fjirde klasse A (2)
Kampioen yn 1989, 2010
Boarnen, noaten en/as referinsjes: