Frysk (skoalfak yn it fuortset ûnderwiis)

Ut Wikipedy

Frysk yn it fuortset ûnderwiis is in skoalfak dat op 'e middelbere skoallen yn Fryslân jûn wurdt, ynsafier't se dêr gjin ûntheffing foar oanfrege en krigen hawwe. Yn 'e brêgeklasse is Frysk no in ferplichte skoalfak, mar yn 'e hegere klassen is it in karfak dat troch mar in bytsje learlingen folge wurdt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Frysk koe as skoalfak yn it fuortset ûnderwiis foar it earst jûn wurde yn 1937. Dit koe as útfloeisel fan it tastean fan it Frysk yn it primêr ûnderwiis, dêr’t Frysk omskreaun waard as 'streektaal yn libben gebrûk'. Yn 1937 koe it Frysk lykwols allinne as fakultatyf fak oanbean wurde by de MULO (Meer Uitgebreid Lager Onderwijs). Fan 1948 ôf waard it ek mooglik om Frysk te krijen by de VHMO (Voorbereidend Hoger en Middelbaar Onderwijs). It Frysk waard as formeel fak yn de brêgeklasse oanbean nei oanlieding fan de Wet op it Fuortset Underwiis en as karfak. Dat betsjutte dat it Frysk ien oere wyks oanbean waard en sadwaande ien oere les Nederlânsk ferfong. Sûnt 1970 is it ek mooglik om in eksamen ôf te lizzen foar it Frysk.

Doe’t yn 1980 Frysk as ferplichte ûnderdiel opnommen wie yn it primêr ûnderwiis, advisearre de Rykskommissy it Frysk yn 1982 oan te bieden oan klassen dy’t noch gjin eksamen dienen. Ferplichting fan Frysk yn it fuortset ûnderwiis kaam yn 1993. Allinne legere klassen krigen Frysk ferplicht as skoalfak. Alhoewol’t it ferplicht waard om lessen Frysk te jaan, krigen skoallen gjin ekstra finansjele middels takend fan it Ryk. Boppedat koenen skoallen ek ûntheffings oanfreegje by de Ynspeksje fan it Underwiis. Fan 2006 oant 2015 wie it foar skoallen mooglik om foar it fak Frysk ûntheffings oan te freegjen by it Ryk. Skoallen kinne derfoar kieze om Frysk as eksamenfak oan te bieden. Yn sa’n gefal kin de skoalle subsydzje krije fan de provinsje.

Frysk yn it fuortset ûnderwiis no[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysk yn it fuorset ûnderwiis ken in tal kearndoelen. By dy kearndoelen is ûnderskie makke tusken learlingen dy’t it Frysk as memmetaal hawwe en learlingen dy’t it Frysk net as memmetaal hawwe en dus as twadde taal leare. Om dy reden binne foar de memmetaalsprekkers njoggen kearndoelen opsteld. Foar de twadde groep binne seis kearndoelen opsteld. De kearndoelen 1-3 binne fan tapassing op alle learlingen. Kearndoelen 4a, 5a en 6a binne ôfhinklik fan de taaleftergrûn fan in learling en kearndoelen 4b, 5b en 6b jilde allinne foar bern mei Frysk as memmetaal.

It gefal docht him foar dat de mooglikheid bestiet foar skoallen om ûntheffingen oan te freegjen foar it skoalfak Frysk. Dat kin om ferskate redenen. Der binne fiif profilen dy’t mooglik meitsje dat skoallen in tal ûnderdielen foar it Frysk of it fak folslein net oanbiede oan harren learlingen.

Frysk op it mbû[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it middelber beropsûnderwiis besteane gjin kearndoelen. Op it stuit hawwe de ROC’s Friese Poort, Friesland College en Nordwin College in gearwurkingsferbân opsetten om it Frysk as skoalfak oan te bieden. Under de titel ‘Frysk yn dyn Berop’ krije learlingen Frysk yn in konstruksje dêr't it Frysk sa oanbean wurdt dat it oanslút by harren berop. Yn harren berop is behearsking fan de Fryske taal tige wichtich. Oant sa fier is derfoar it karûnderdiel fan de sektor Zorg en Welzijn in pakket foar it Frysk. Foar twa oare sektoaren wurdt der sjoen nei hoe’t it Frysk oanbean wurde kin.