Springe nei ynhâld

Brief fan frije trochtocht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Frijbrief (frije trochtocht))
In pas fan frije trochtocht dêr't ûnder de Fjetnamoarloch boppe Noard-Fjetnam tûzenen fan útsmiten waard yn it ramt fan it Chieu Hoi-programma.

In brief fan frije trochtocht, in bewiis fan frije trochtocht of ek wol in frijbrief is in dokumint dat ôfjûn is troch in foarm fan gesach (ornaris it regear fan in lân) en dat bewiisd dat de hâlder trochlitten wurde moat. Sokke dokuminten binne almeast fan tapassing op in sitewaasje fan oarloch of oarlochsdriging, wêrby't de drager in frontline oerstekke moat.

Troch it brief fan frije trochtocht sjen te litten, soe de drager him of har op it gebiet fan 'e fijân of as neutrale partij yn in oarlochsgebiet bejaan moatte kinne sûnder eangjen te hoegen foar amtlike tsjinwurking, fysike mishanneling of moard. Soms binne sokke dokuminten ek fan tapassing foar militêre troepen, as bgl. in besingele garnizoen him oerjûn hat en dêrby in frije ôftocht betongen hat.

Guon foarbylden fan brieven fan frije trochtocht binne de dokuminten dy't kristlike pylgers yn 'e Midsiuwen by islamityske hearskers oanfreegje koene om frij it Hillige Lân besykje te kinnen. Yn 'e tweintichste iuw liet Dútslân, dat ûnder de Earste Wrâldoarloch mei Ruslân yn steat fan oarloch ferkearde, de Russyske boarger Lenin út syn ballingsoard yn Switserlân oer Dútsk gebiet weromreizgje nei syn heitelân (om't men tocht dat Lenin syn aktiviteiten Ruslân ferswakje soene, en dat bliek wier te wêzen). Noch wer in oar foarbyld wie it Chieu Hoi-programma dat Súd-Fjetnam ûnder de Fjetnamoarloch úteinsette. Dêrby waarden passen fan frije trochtocht útsmiten boppe Noard-Fjetnam om it oerrinnen fan Noardfjetnamezen nei it Suden oan te fiterjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.