Springe nei ynhâld

Pallas (Russysk fregat)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fregat Pallas)
It fregat Pallas.
Frjemd grut skip.
Japansk skilderij fan de Pallas by Nagasaky, 1854

De Pallas (of Russysk: Паллада-Pallada) is de namme fan in skip fan de Russyske marine yn de 19e iuw. It waard boud yn 1833. Anno 2012 hat Ruslân wer in fregat (tall ship) mei de namme Pallada.

De Pallada wie in fregat en wie it flaggeskip fan admiraal Jevfimi Poetjatin by syn diplomatike besite oan Japan yn 1853. Admiraal Ivan Unkovsky wie de gesachfierder fan it skip by dy ekspedysje, dy't laat hat ta it tekenjen fan it Ferdrach fan Sjimoda yn 1855, in hannelsoerienkomst tusken Ruslân en Japan. Oant doe ta hannele Japan mei mar ien Westersk lân, mei Nederlân, op it eilantsje Desjima by Nagasaky.

De Pallas arrivearre op 12 augustus 1853 yn Nagasaky, ien moanne nei de missy mei itselde doel fan de Amerikaan Matthew Calbraith Perry.

Poetjatin waard op de ekspedysje beselskippe fan Aleksander Fjodorovitsj Mosjaisky en de skriuwer Ivan Gontsjarow, dy't syn sekretaris wie op de reis. Gontsjarow skreau letter in reisferslach mei de titel, It Fregat Pallas, dat yn 1858 publisearre waard.

De Pallas hie in soad te lijen hân fan stoarms en in orkaan op de reis en waard by de mûning fan de rivier de Amoer ûnttakele.