Merkwurking
Merkwurking is yn de ekonomy it (automatysk) ta stân kommen fan in lykwichtpriis foar guod of foar in tsjinst as der lykwicht ûntstiet tusken fraach en oanbod.
Fraach en oanbod
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wet fan fraach en oanbod hâldt yn dat op in kompetitive merk de priis fan in produkt ta stân komt ûnder ynfloed fan it hanneljen fan keapers (fregers, konsuminten) en ferkeapers (oanbieders, produsinten). De priis evoluearret hjirby nei dat nivo dêr't frege en oanbeane hoemannichten oan elkoar lyk binne. As it oanbod grutter is as de fraach, dan bliuwe de produsinten mei in oeroanbod sitten, dat se allinnich ferkeapje kinne as se ree binne om hjir in legere priis foar te freegjen. Der is yn dat gefal dus in druk nei ûnderen op de priis. As de fraach grutter is as it oanbod, dan bliuwe der noch konsuminten freegjen nei it produkt as de totale produksje ferkocht is. As hja it produkt noch hawwe wolle, sille se in hegere priis akseptearje moatte, wat wiist op in opgeande druk op de priis.
De fraach nei en it oanbod fan ekonomysk goed hingje ceteris paribus ôf fan de priis dy't derfoar frege wurdt. By in hegere priis sil it oer it generaal sa wêze dat der (c.p.) minder fraach nei in artikel is en mear oanbod. Oarsom sille by in legere priis de fraach en in oanbod minder wurde. Troch dit effekt sil der by de lykwichtpriis fansels lykwicht komme tusken fraach en oanbod.
In foarbyld: as wy út de ekonomy foarstelle wêrby 't papier 10 kear sa djoer is as wy kenne dat sil dêryn de fraach nei papier lyts wêze. Mar yn sa'n situaasje is it, derfan útgeande dat alle oare omstannichheden yn de ekonomy lyk bliuwe, tige lukratyf wêze om in nije papierfabryk te starten om papier te ferkeapjen. De fraach is dan lytser as it oanbod. Yn dy situaasje bliuwt der in protte papier ûnferkocht. Om it papier dochs ferkeapje te kinnen sille de papierfabrikanten de priis ferleegje. Oarsom: as papier tige goedkeap is, sil de fraach tanimme mar geane der papierfabriken, de oanbieders, fallyt. De fraach is grutter as it oanbod en der ûntstiet in tekoart oan papier wêrtroch't de priis oprinne sil. As by it stigen fan de priis der wer nije fabrikanten bykomme kinne de itselde him werhelje en kin dit liede ta in bargesyklus.