Fort Oranje (Nij-Nederlân)
Appearance
(Trochferwiisd fan Fort Oranje (New York))
Fort Oranje (Fort Oranije) jildt as it earste permaninte Nederlânske fort fan Nij-Nederlân. It waard yn 1624 boud nei't it eardere Fort Nassau likernôch 1617 opjûn wie. Fort Oranje lei op de westigge fan de Noardrivier. It fort waard brûkt foar bonthannelspost. By it fort ûntstie yn 1647 Beverwyk, wat letter Albany waard. Doe't de Ingesken it fort oernamen waard it Fort Albany. Yn 1676 waard lykwols in nij fort boud: Fort Frearik. Dêrmei waard Fort Oranje ferlitten.
Dit artikel is in stobbe oer in bouwurk.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |