Fonthill Abbey
Fonthill Abbey of de Folly fan Beckford wie in grut neogoatysk lânhûs, dat tusken 1796 en 1813 boud waard yn Fonthill Gifford yn Wiltshire, Ingelân. De arsjitekt James Wyatt boude Fonthill Abbey yn opdracht en op oanwizing fan William Thomas Beckford. Foar de bou liet Beckford it lânhûs fan syn heit ôfbrekke en ferfange troch in grut krúsfoarmich abdij-eftich gebou mei lange earms en in 84 meter hege sintrale toer.
It weromrinnen fan de ynkomsten fan Beckford wie de oarsaak dat it lânhûs yn 1822 by Christie's feild wurde moast. De toer stoartte yn 1825 yn, wêrby't de westlike earm skeansearre waard. Yn 'e rin fan de 19e iuw waard it bouwurk ôfbrutsen, allinne in lyts diel fan de noardlike fleugel bleau bewarre.
William Thomas Beckford
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]William Thomas Beckford wie de soan fan in Ingelske plantaazje-eigner, dy't nei it ferstjerren fan syn heit yn 1770 yn 'e âldens fan 10 jier in ûnbidich grut fermogen erfde. Hy waard yn dy tiid as de rykste boarger fan it lân beskôge. Syn jierdei waard mei it heljen fan de mearderjierrige leeftyd fierd mei in feest fan trije dagen. Yn dy tiid skreau Beckford de roman "Vathek, an Arabian Tale".
Op de beskuldiging fan it hawwen fan in homoseksuele ferhâlding mei William Courtenay, de 9e greve van Devon, folge fanôf 1784 in lasterkampanje tsjin Beckford. Beckford waard de rest fan syn libben troch de maatskippij útstjitten. Hy flechte ynearsten mei syn frou, lady Margaret Gordon, nei Switserlân. Nei't syn frou dêr by de berte fan in bern ferstoar, socht er taflecht yn Frankryk, Dútslân, Itaalje, Spanje en Portugal. Mar al waard Beckford skoudere troch de Ingelske maatskippij, hy naam dochs it beslút werom te gean nei syn heitelân. Op it plak fan syn âldershûs liet er in goatyske katedraal as syn nije hûs bouwe. As leafhawwer fan bisten hie Beckford it grau oan jagers en om se by de driuwjacht op ôfstân te hâlden liet er syn lângoed mei in alve kilometer lange en trij meter hege muorre ôffreedzje.
Bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou fan it abdij-eftige kompleks sette yn 1796 útein. Beckford hierde dêrfoar de arsjitekt James Wyatt yn, ien fan de meast ferneamde arsjitekten fan de lette 18e iuw. Wyatt ûntwurp it gebou op basis fan de ideeën fan Beckford. De arsjitekt Wyatt stie bekend om syn dranksucht en hy mocht him graach mei froulju deljaan. Syn wurk hie dêr lykwols ûnder te lijen en mar al te faak ûntbriek it oan it tafersjoch fan de arsjitekt. Lang net altiten kaam er de ôfspraken nei en it liede ek ta in minne relaasje tusken Beckford en Wyatt. Faak wie Wyatt ôfwêzich op de boulokaasje en dan ferfong Beckford him as opsichter.
Alle seilen waarden bysetten om it wurk sa gau mooglik te foltôgjen. Sawol deis as nachts wurken der 500 arbeiders oan de bou. Om de saak noch mear faasje te jaan kontraktearre Beckford nochris 450 arbeiders, dy't dwaande wiene mei bouwurksumheden oan Windsor Castle troch harren in heger ale-rantsoen te ûnthjitten. Ek foardere Beckford alle karren en weinen foar it transport foar it boumaterjaal. Om de earme besitters yn 'e mjitte te kommen levere er harren by min waar fergees wollen tekkens en koal.
It earste diel dat boud waard wie de toer, dy't al hast 90 meter heech wie doe't er ynstoartte. De nije toer waard seis jier letter foltôge, op 'e nij 90 meeter heech. Ek dy stoartte yn. Beckford boud fuort dêrnei de tredde toer, dy't yn sân jier tiid foltôge waard.
De abbey waard yn de kleuren sulver, goud, read en pears dekorearre. Fanút de sintrale achthoekige seal rûnen fjouwer lange earms. De doaren fan de gevels wienen alve meter heech. It bouwurk wie yn 1813 klear en Beckford wenne yn Fonthill Abbey oant 1822. Yn dat jier ferlear er twa sûkerplantaazjes op Jamaika wêrtroch't er syn Fonthill Abbey foar £ 330.000 ferkeapje moast oan de wapenfabrikant John Farquhar.
Delgong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte haast wêrmei't Beckford it monumintale bouwurk delsette, syn yn boukundich opsicht ûnmooglike winsk in hege toer te bouwen mei de tapassing fan in ynferieure semintsoarte liede yn 1925 úteinlik ta it ynstoarten fan de toer en de ferneatiging fan de westlike fleugel fan it gebou. Yn dy tiid wie it gebou al gjin besit mear fan Beckford. Hy ferstoar yn 1844 yn Bath.
De rest fan Fonthill Abbey waard yn 1845 ôfbrutsen.
Oerbliuwsels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In twa ferdjippings diel fan de noardlike fleugel mei in toer bleau bewarre. Sûnt 1966 wurdt it as in nasjonaal monumint beskerme (Grade II). Fan it bouwurk binne yn de omkriten stiennen, finsters en byldhouwurk brûkt by de bou fan oare gebouwen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Oarspronklik ûntwerp James Wyatt
-
Trochsnit bouwurk
-
St Michael's Gallery
-
Nei it ynstoarten fan de toer
-
Oerbliuwsel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Fonthill Abbey
|