Springe nei ynhâld

Voortrekkermonumint

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Foartrekkermonumint)
It Voortrekkermonumint

It Voortrekkermonument is in monumint yn de Súd-Afrikaanske bestjoerlike haadstêd Pretoria. It swiere monumint fan granyt waard oprjochte as neitins oan de Voortrekkers, dy't de Ingelske Kaapkolanje tusken 1835 en 1854 ferlieten en de binnenlannen fan Súd-Afrika yn giene.

It oantinken hat as opskrift: Ons vir jou Suid-Afrika. It monumint is ûntwurpen troch Gerard Moerdijk, dy't in monumint meitsje woe, "dat tûzen jier stean bliuwt en de skiednis en de betsjutting fan de Grutte Trek foar myn neisieten beskriuwt." It monumint is hast út hiel Pretoaria wei te sjen, omdat it op in hichte stiet.

It monumint byldet twa wichtige mylpeallen yn de skiednis fan de Voortrekkers út:

  • De Grutte Trek (1835-1854)
  • De Slach by Bloedrivier (1838)