Springe nei ynhâld

Flearbosksleat

Ut Wikipedy

De Flearbosksleat is in feart yn de gemeente Smellingerlân. De feart rint yn de polder De Flearbosk. It is it ferlingde fan de Sjoukesleat benoarden Warniahuzen by de opfeart nei de Swette. De Flearbosksleat rint njonken de Binnenringfeart en komt út yn de Kromme Ie.

De namme Flearbosksleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Vleerboschvaart.