Floruit
Appearance
(Trochferwiisd fan Fl.)
Floruit (útspr.: ['floruit], likernôch: "florûyt"), is in Latynske term dy't "hy bloeide" of "hy florearre" betsjut. Dizze oantsjutting wurdt, faak yn 'e foarm fan 'e ôfkoarting fl. of, seldsumer, flor., brûkt om in perioade of in tiid oan te jaan wêrfan't men mei wissichheid sizze kin dat de persoan yn kwestje doe aktyf of alteast yn libben wie. Dat is benammen ynteressant foar persoanen út 'e Midsiuwen of noch eardere tiidrekken, dêr't faak gjin berte- en/of stjerdatum fan bekend is. De wize fan brûken is dan sa: Jan Klazes (fl. 1229-1242).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |