Springe nei ynhâld

Fjochtsport

Ut Wikipedy

In fjochtsport is in sport dêr't de oerwinning foarme wurdt troch it oermasterjen fan de tsjinstanner. Lykwols is de oermastering yn de measte tûken symboalysk; minsken wurde net echt mear iepensnien of delslein.

Fjochtsporten kinne opdield wurde yn wapensporten, stjitsporten, wrakselsporten en lûksporten.

Judo
Bokse

By wapensporten wurdt besocht de tsjinstanner mei in wapen te reitsjen en him de krêft om te fjochtsjen te ûntnimmen.

By slachsporten giet it derom de tsjinstanner troch stjitten, slaan of skoppen de krêft om te fjochtsjen te ûntnimmen:

Bij wrakselsporten wurdt besocht de tsjinstanner yn de macht te krijen:

By mingde styl fjochtsporten wurdt in kombinaasje fan stjit- en wrakseltechniken brûkt. Almeast giet it om sporten dêr't hast alle techniken yn tastien binne; de wichtichste ferskillen lizze yn krekt hokfoar beheinings der binne.

Lûksporten binne hast klearebare krêftmjittings. Twa siden lûke, of triuwe, en wa 't weilutsen, of weitreaun wurdt, hat ferlern: