Ferkearsplein
In ferkearsplein, sa't dy yn Nederlân ornaris neamd wurdt, of in rotondeknooppunt is in ferkearsknooppunt yn de foarm fan in grutte rotonde, dêr't guon fan ferkearsljochten hawwe. Guon ferkearspleinen binne knooppunten fan autogongwegen. Dêr binne trije farianten fan:
- In ferkearsplein fan gelikense hichte, sa as bygelyks de rotonde fan it knooppunt De Jouwer fan foar 2017, en it knooppunt It Hearrenfean fan foar 1998.
- In ferkearsplein mei twa hichten, dêr't der ien trochgeande wei troch rint, sa as bygelyks it knooppunt Velserbroek by Arnhim.
- In ferkearsplein mei trije hichten (in swevende rotonde), dêr't twa trochgeande diken troch rinne, sa as bygelyks knooppunt Rottepolderplein by Haarlim.
De earste fariant wurdt gauris brûkt by krusings fan sekundêre diken en stedsdiken. De twadde fariant wurdt gauris brûkt dêr't in sekundêre yk op in autogongwei oanslút. De tredde fariant wurdt yn Nederlân net tefolle brûkt, mar wurdt lykwols yn it Feriene Keninkryk en Ierlân faker brûkt.
By drokke ferkearspleinen wurdt der gauris in ekstra rydstripe oanlein, sadat it ferkear dat rjochts ôfslacht, net oer it ferkearsplein hoecht te riden. Sokke ferbinings wurde bypass neamd. Soks wie ek it gefal by de rotonde fan it knooppunt De Jouwer, ear't er omboud waard ta de hjoeddeistige sitewaasje.
-
It knooppunt De Jouwer foar 2017
-
Knooppunt Velserbroek
-
Knooppunt Rottepolderplein
-
In ferkearsplein yn Tsjechje