Springe nei ynhâld

Feriening

Ut Wikipedy

In feriening, yn 'e folksmûle gauris in klup (ek stavere as club of klub) neamd, is in organisaasje mei rjochtspersoanlikheid, dy't bestiet út in kloft minsken dy't tegearre in bepaald doel befoarderje of stypje wolle.

Yn Nederlân wurde de rjochten en plichten fan ferienings regele yn Boek 2 fan it Boargerlik Wetboek. Oer it generaal wurdt in feriening oprjochte troch dêrfan by in notaris in akte op te meitsjen. Dat is net ferplicht, mar as der gjin akte is, is it juridysk foech fan de feriening beheind en binne de bestjoerders sels oanspraaklik foar wat út namme fan de feriening dien wurdt.

As der in oprjochtingsakte is, binne der ek statuten. Dêryn moat fan de wet yn elts gefal stean wat it doel fan de feriening is, wat de ferplichtings fan de leden binne, hoe't de algemiene ledengearkomste organisearre wurdt en hoe't bestjoerders beneamd en ûntslein wurde. Fierder lit de wet in soad romte om oare saken yn de statuten te regeljen.

It doel fan in feriening mei net it ferparten fan winst ûnder de leden wêze. Soks betsjut net dat der gjin winst makke wurde mei, mar winst dy't al makke wurdt moat brûkt wurde foar saken dy't mei it doel fan de feriening te krijen hawwe.

Teminsten ien kear yn it jier moat in feriening in algemiene ledengearkomste hâlde. Derfoar moatte alle leden útnûge wurde, dy't dan prate en beslisse kinne oer it belied fan de organisaasje. Yn eltse feriening hat de algemiene ledengearkomste it lêste wurd. Tige grutte ferienings meitsje faak gebrûk fan in systeem wêrby't de leden fertsjintwurdigers kieze, dy't dan tegearre it heechste orgaan fan de feriening binne. Sa'n orgaan wurdt dan faak ledenrie of bûnsrie neamd.

De deiske lieding fan in feriening leit by it bestjoer, dat meastal út in foarsitter, in skriuwer, in skathâlder en faak ek noch út oare leden bestiet. Guon grutte ferienings bestean út ôfdielings, dy't dan meast in eigen bestjoer hawwe.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]