Federaal Distrikt (Brazylje)
| Federaal Distrikt | ||
| Lokaasje fan it Federaal Distrikt yn Brazylje. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| regio | Centro-Oeste | |
| haadplak | Brasilia | |
| grutste stêd | Brasilia | |
| gemeenten | 1 (ferdield yn 35 bestjoerlike regio's) | |
| gûverneur | Ibaneis Rocha | |
| Sifers | ||
| ynwenners | 2.817.068 (folkstelling 2022)[1] | |
| oerflak (km²) | 5.760,78 km² | |
| befolkingstichtens | 489 ynw./km² (2022) | |
| hichte (maks.) | 1.172 m (Pico do Roncador) | |
| HDI | 0,814 (2021) | |
| Oar | ||
| ôfkoarting (UF) | DF | |
| steat sûnt | 1960 | |
| ISO-koade | BR-DF | |
| tiidsône | UTC−3 | |
| webside | df.gov.br | |
| Kaart | ||
It Federaal Distrikt fan Brazylje is in haadstêddistrikt om Brasília. It distrikt leit yn it sintrale heechlân oan 'e grins fan 'e dielsteaten Goiás en Minas Gerais.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Município Neutro en Federaal Distrikt (1834–1960)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foardat Brasília de haadstêd waard wie dat sûnt 1763 Rio de Janeiro en dêrfoar Salvador da Bahia. Al yn 1834 waard de stêd Rio de Janeiro as Município Neutro (Neutrale Gemeente) ôfskieden fan 'e provinsje Rio de Janeiro, wêrmei't in earst haadstedsdistrikt foarme waard. Mei de ein fan it Brazyljaanske Keizerryk en de omfoarming fan 'e provinsjes ta dielsteaten, feroare it Município Neutro yn 1889 yn it Federaal Distrikt (Distrito Federal).
Mei it oerheveljen fan 'e haadstêd nei Brasília yn 1960 en de foarming fan it nije Federaal Distrikt dêre, waard it âlde distrikt yn Rio de Janeiro omfoarme ta de dielsteat Guanabara. Yn 1975 waard Guanabara gearfoege mei de dielsteat Rio de Janeiro.
It ûntstean fan 'e plande haadstêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Al yn 1823 waard yn in wetsfoarstel it idee ynbrocht om in nije haadstêd te stiftsjen neffens it foarbyld fan Washington D.C. As redenen waarden de ûnfeiligens fan 'e doetiidske haad- en kuststêd Rio de Janeiro tsjin bûtenlânske fijannen en ynlânske ûnrêst en de ûntwikkeling fan it efterbleaune binnenlân neamd. It duorre lykwols oant 1891 ear't it projekt opnommen waard yn 'e grûnwet.
Yn 'e desennia dêrnei waard wikseljend mei mear of minder entûsjasme oan 'e planning wurke en foar in part ek boud. It duorre lykwols noch oant de jierren fyftich ear't ûnder presidint Juscelino Kubitschek de definitive planning en útfiering fan it Federaal Distrikt syn beslach krige. Mei de ferhúzing fan 'e presidint, it parlemint en it Heechste Gerjochtshôf waard de nije haadstêd op 21 april 1960 offisjeel yn gebrûk nommen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Federaal Distrikt leit op it Sintraal Plato, op in hichte fan 1.000 oant 1.200 meter boppe de seespegel; it terrein is oerhearskjend flak en hat mar lichte hichteferskillen. De floara is karakteristyk foar it Cerrado-bioom.
It Nasjonaal Park Brasilia (Parque Nacional de Brasília; ek wol bekend ûnder de namme Água Mineral) waard op 29 novimber 1961 oprjochte en beslacht mear as 42.000 hektare yn it noardwesten fan it distrikt. It waard ynsteld om de drinkwetterfoarsjenning en de natuerlike floara en fauna fan it Cerrado-bioom om de haadstêd hinne te beskermjen.
Om de wetterfoarsjenning fan 'e regio te fergrutsjen, waard de rivier de Paranoá ôfdamme, wêrtroch't de keunstmjittige Lago Paranoá ûntstie. De mar mei in kustline fan mear as 80 km hat fan Brasília in wichtich sintrum foar wetterrekreaasje makke.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Etnyske gearstalling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De etnyske ferdieling fan 'e befolking fan it Federaal Distrikt wie neffens de offisjele folkstelling fan 2022 fan it IBGE as folget:
- minsken fan mingde komôf (Pardos): 47,8%
- blanken (Brancos): 40,3%
- swarten (Pretos): 11,1%
- Aziaten (Amarelos): 0,4%
- lânseigen befolking (Indígenas): 0,4% (sawat 11.000 minsken)
Lânseigen befolking en migraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Foardat de nije haadstêd yn 'e jierren 1950 oanlein waard, waard de heechflakte fan it Federaal Distrikt foaral bewenne troch ferskate lânseigen groepen, lykas de Krahô, Xavante en Acroá. Mei de komst fan 'e grutskalige bouprojekten yn 1956 feroare it demografyske lânskip yngreven.
Tûzenen arbeiders út alle hoeken fan Brazylje – foaral út it earmere noardeasten – ferhûzen nei it gebiet om mei te bouwen oan 'e nije haadstêd. Dizze bouwers waarden de candangos neamd. Sûnt de offisjele iepening fan Brasília yn 1960 is de befolking foaral foarme troch migraasje út oare dielen fan Brazylje, wat soarge foar in multy-etnyske befolking. Oars as yn it Amazônewâld binne der yn it Federaal Distrikt hjoed-de-dei gjin grutte ôfbeakene lânseigen territoaria (Terras Indígenas), al wenje der noch altyd ferskate lytse lânseigen mienskippen yn it distrikt.
Befolkingsûntwikkeling fan it Federaal Distrikt (1950–2022)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Jier | 1960 | 1970 | 1980 | 1991 | 2000 | 2010 |
|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 141.742 | 546.015 | 1.203.333 | 1.598.415 | 2.043.169 | 2.570.160 |
| Groei | — | +285,2% | +120,4% | +32,8% | +27,8% | +25,8% |
| Jier | 2022 | |||||
| Ynwennertal | 2.817.381 | |||||
| Groei | +9,6% | |||||
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censos Demográficos | ||||||
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking fan it Federaal Distrikt is yn mearderheid kristlik. Likegoed as yn 'e rest fan Brazylje hat it protestantisme de lêste desennia in sterke opgong meimakke yn it neidiel fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. By de folkstelling fan 2010 neamde in mearderheid himsels katolyk. It oantal protestanten groeide troch en by de folkstelling neamde minder as de helte fan 'e befolking him noch katolyk. De groep minsken sûnder religy en de oanhing fan it spiritisme binne yn it Federaal Distrikt grutter as yn 'e measte oare federale steaten.

| Religieuze streaming | Persintaazje (2010) | Persintaazje (2022) |
|---|---|---|
| roomsk-katolyk | 56,6% | 49,74% |
| protestantsk | 26,8% | 29,21% |
| sûnder religy | 9,2% | 11,27% |
| spiritisme | 3,5% | 3,27% |
| Afro-Brazyljaanske religys (Umbanda / Candomblé) | 0,3% | 0,85% |
| tradisjonele religys | 0,02% | |
| oare religys / net opjûn | 5,64% | |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2010 en 2022 | ||
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Brasília wjerspegelet syn rol as bestjoerlik en net as yndustrieel sintrum. De bou, tsjinsten (oerheid, finansjeel, kommunikaasje, juridysk) en net-fersmoargjende yndustry (lykas software en fiedselferwurking) binne dominant. It bruto ynlânsk produkt (BYP) wie yn 2018 it op twa nei heechste fan Brazylje (R$ 254 miljard, 3,6% fan it totaal), mei it folgjende oandiel: iepenbier bestjoer 54,8%, tsjinstferliening 28,7%, yndustry 10,2%, hannel 6,1% en lânbou 0,2%. Fanwegen de UNESCO-wrâlderfgoedstatus stimulearret de oerheid miljeufreonlike sektoaren. Yn 2012 stie Brasília op plak 45 fan djoerste stêden foar expats (efter São Paulo en Rio de Janeiro).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dielsteaten fan Brazylje | ||
|---|---|---|
| Acre • Alagoas • Amapá • Amazonas • Bahia • Ceará • Espírito Santo • Goiás • Maranhão • Mato Grosso • Mato Grosso do Sul • Minas Gerais • Pará • Paraíba • Paraná • Pernambuco • Piauí • Rio de Janeiro • Rio Grande do Norte • Rio Grande do Sul • Rondônia • Roraima • Santa Catarina • São Paulo • Sergipe • Tocantins | ||
| Federaal distrikt: Federaal Distrikt | ||
