Fakuüm
Appearance
It maksimale fakuüm of maksimale ûnderdruk of it luchtliddige is in romte dêr't gjin lucht of oar gas yn sit. Yn dy romte is de druk dêrtroch (sa goed as) 0 pascal.
It wurd fakuüm wurdt yn twa betsjuttings brûkt:
- yn de (teoretyske) natuerkunde: in matearjefrije romte.
- yn de technyk en de tapaste wittenskippen: in romte mei legere druk as de druk fan de bûtenloft. In oar wurd derfoar is ûnderdruk. Dizze ferrint dan fan 0 oant 1 bar ofwol tusken 0 en 100.000 Pa.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neigeraden de grutte fan it fakuüm, wurdt it fakuüm yn fjouwer klassen yndield:
- leech- of grou fakuüm: 105 (atmosfearysk druk) oant 10² Pa
- midden- of fyn fakuüm: 10² oant 10-1 Pa
- heechfakuüm: 10-1 oant 10-5 Pa
- ultraheechfakuüm: minder as 10-5 Pa
Om de grutte fan in fakuüm út te drukken wurdt faak de (ferâldere) ienheid torr (= mm Hg) brûkt.
Tapassings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- By de klassike proef mei in Maagdenburger bol wurdt de romte tusken twa heale bollen fakuüm gezogen, om de enoarme krêft fan de luchtdruk te demonstrearjen.
- Gloeilampe: Tanksij it fakuüm koe Edison yn 1879 in gloeilampe meitsje. Mei in fakuümpomp helle hy de lucht (dus ek de soerstof) út de glêzen ballon. Troch it ûntbrekken fan soerstof ferbaarnde de gloeitried net en bleau de lampe lang baarnen. Moderne gloeilampen wurde mei argon (in ynert gas) fold.
- Elektroanebuizen: Troch it fakuüm kinne elektroanen har yn de buis frij bewege.
- Opdampe fan spegels en lagen silisium by de healgelieder ('chips') fabrikaazje.
- Fersnellen fan elektroanen: yn in fakuüm kinne elektroanen fersneld wurde oant in bekende snelheid troch it oanlizzen fan in elektryske spanning en mei help fan magnetyske fjilden kinne se ek fokussearre wurde. Sjoch ek: elektroanenmikroscoop en massaspektrometer
- Fazelear
- It ferleegjen fan kôkpunt (foar destillaasjes fan fraksjes mei heech kôkpunt)
- Friesdrûgje
- Fakuümferpakking:
- troch fakuüm ferpakking wurdt bedjerber fiedsel langer bewarre, bygelyks kofje yn fakuüm ferpakking.
- troch fakuüm ferpakking nimme yn elkoar drukte stoffen minder plak yn, bygelyks (dûns)tekkens)
- Fakuüm jern
- troch fakuüm jern as kôktechnyk wurdt it mooglik te koitsjen op legere temepratueren, mei behâld f weardefolle fiedings- en smaakstoffen en om de organisaasje fan de koken te ferienfâldigjen (sous-vide koitsje).
- Fakuümtafel
- tastel brûkt ûnder mear by de restauraasje fan skilderijen.
- Fakuümdestillaasje foar it winnen fan organyske ferbinings út planten.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- www.nevac.nl - de Nederlânske Fakuümferiening NEVAC
- www.vacuum-guide.com - Fakuümpompen yn Nederlân
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vacuum fan Wikimedia Commons. |