Ex voto
In ex voto (Latyn: "fanwegen in ûnthjit"), ek fotyfgeskink, is in ding dat by in alter of hilligebyld yn in tsjerke, kapel of beafeartsplak, ophongen wurdt. Ex voto's wurde út tankberens foar in genêzing of geunst efter litten, of om te tsjûgjen oan oare minsken fan de ûntfongen help by in probleem.
In ex voto kin alle foarmen oannimme, lykas in foet, in hert of in holle. De foarstelling ferwiist by sokke foarbylden nei it genêzen lichemsdiel. Somtiden is de ex voto it helpmiddel dat de persoan foar syn genêzing earder brûke moast, bygelyks in kruk, korset of in bûgel. Of it helpmiddel dat immen yn in sitewaasje foar in wisse dea behoede hat. It kin lykwols ek in plakette of tegel wêze mei in tekst; de ôfkoarting P.G.R. op sa'n tegel stiet foar pro gratia recepta (foar de ûntfongen geunst).
It hoecht net allinne om de skinker sels te gean, mar it kin bygelyks ek om de bern fan de skinker gean, dy't by in grut gefaar sparre waarden of út tankberens dat der in ein kaam oan in sykte ûnder it fee. Djoer hoecht in ex voto net te wêzen, mar eartiids wie in ex voto yn goud of sulver net ûngewoan. Ex voto's koene ek echte keunstwurken wêze. Sa bestiet der in tradysje fan votyfskilderijen, dy't de nuodlike sitewaasjes ôfbyldzje dy't de skinkers oerlibbe hawwe. Dêrnjonken waarden ek votyfskilderijen skonken troch tankbere oerheden, nei't in fijân by in wapene treffen of belis ferslein waard.
Yn de protestantske tradysje komme ek wol ex voto's foar, mar op in oare wize en folle lytsere skaal. Yn ús kontrijen hingje yn tsjerken bygelyks somtiden model- of votyfskippen, dy't jûn wêze kinne út tankberens nei it ferhearren fan in gebed yn in swiere stoarm op see.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Dútslân, Sint-Martinustsjerke fan Weinfeld
-
Haarlim, Bavotsjerke
-
Frankryk: Église Sainte-Catherine, La Flotte
-
Brazylje: Katedraal fan Aparecida
-
Malta: Ta' Pinutsjerke
-
Itaalje: Gesù Nuovo, Napels
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ex voto fan Wikimedia Commons. |