Edmé Quenedey des Ricets
Appearance
Edmé Quenedey des Ricets (ek: Edmé Quenedey) (Riceys-le-Haut, 17 desimber 1756 - Parys, 16 febrewaris 1830) wie in Frânsk keunstskilder en graveur, dy't fral bekend waard fan syn miniatueren.
Hy kaam út in húshâlding fan acht bern. It wie ynearsten de bedoeling dat er preester wurde soe, mar yn 't plak dêrfan studearre er yn Dijon. Hy begûn syn karriêre mei it restaurearjen fan skilderijen. Doe't de fysionotrase útfûn waard, makke er gebrûk fan dy technyk foar it meitsjen fan portretten.
Hy wie boaske oan Marie-Madeleine Pella, sy krigen twa bern, Adèle and Aglaë; de lêste soe letter assistint fan syn heit wurde.
-
Joseph de Beauchamp, 1798
-
Pierre Gaveaux, fysionotrase fan Edme Quenedey des Ricets, Bibliothèque nationale de France, 1821
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Edmé Quenedey fan Wikimedia Commons. |