Springe nei ynhâld

Ynterval

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Duodecime)

Yn de muzyk is in ynterval de muzikale ôfstân tusken twa tagelyk of nei elkoar klinkende toanen.

Dat binne respektivelik harmoanyske en meloadyske yntervallen. De nammejouwing fan yntervallen wurdt yn de westerske muzyk tradisjoneel basearre op in diatoanyske toanljedder. Yn de toanljedder fan C majeur bygelyks, binne alle opienfolgjende ôfstannen hiele toanôfstannen, útsein de yntervallen e-f en b-c, dat binne heale toanôfstannen:
De toanljedder fan C majeur mei de stamtoanen c, d, e, f, g, a, b, c

De toanôfstannen yn in majeurtoanljedder binne fan leech nei heger:
C---1---D---1---E---1/2---F---1---G---1---A---1---B---1/2---C

As twa toanen yn in muzikale kontekst hearre, skreaun of foarsteld wurde, mei oare wurden, as beide noatenammen bekend binne, allinnich dan kin de namme fan it ynterval fûn wurde.

As in muzikale kontekst der net is (of at de harker de muzyk net begrypt, of at it om twa fysyske mjittings giet), kin in kontekstfrije namme brûkt wurde troch de grutte fan it ynterval yn tallen hiele of heale toanôfstannen út te drukken. De grutte kin ek werjûn wurde yn cent of in frekwinsjeferhâlding.

By de tradisjonele nammejouwing wurde de Latynske rangtelwurden brûkt: prime, sekunde, terts, kwart, kwint, sext, septym, oktaaf, none, deciem, undeciem, duodeciem, tredeciem, ensafuorthinne. Om yn de diatonyk dochs krekt oanjaan te kinnen hoe grut it ynterval is, wurdt dêr noch in oantsjutting oan tafoege: lyts, grut, rein, fermindere, oermjitttich, dûbeld fermindere, dûbeld oermjittich, ensfh. Allinne de prime, de kwart, kwint en de oktaaffergruttings dêrfan kinne 'rein' wêze, mar nea 'grut' of 'lyts'. Alle oare yntervallen kinne alles wêze, útsein 'rein'.

Toan Namme Ynterval Reine stimming
c-c prime 1:1
c-d sekunde 9:8
c-e terts 5:4
c-f kwart 4:3
c-g kwint 3:2
c-a sext 5:3
c-b septym 15:8
c-c' oktaaf 2:1
  1. prime - De 'prime' is it ynterval tusken twa deselde toanen. As de frekwinsjeferhâlding krekt 1:1 is, wurdt praat fan in reine prime. Yn teory kin in prime ek oermjittich of fermindere of sels 'dûbeld fermindere' of 'dûbeld oermjittich' wêze. (It is foar de hjoeddeiske minske faaks opmerklik dat in ferskil fan nul dochs oantsjutten wurdt mei prime, earste).
  2. sekunde - In 'sekunde' is, meloadysk sjoen, de stap fan de iene stamtoan nei de folgjende. De yntervallen e-f en b-c binne heale toanôfstannen en wurde lytse sekundes neamd. In sekunde wurdt ek wol sekonde neamd. In sekunde kin 'grut' en 'lyts' mar ek 'fermindere' of 'oermjittich' wêze, bygelyks as de d' yn de toanljedder fan C grut ferhege wurdt nei dis', dan is it ynterval c'-dis' in saneamde 'oermjittige sekunde'. In wat ekstremer gefal is de 'fermindere sekunde', dy is enharmoanysk gelyk oan in 'prime' (en sa klinkt er ek op in piano mar net needsaaklik op in fioele mar it is en bliuwt in sekunde.
  3. Terts - In 'terts' yn de toanljedder fan C-majeur: C D E F G A B C, is de noat E de tredde noat, en stiet mei it ynterval terts fan de C ôf. De toanljedder foar D-majeur: D E F# G A B C# D, is de terts it ynterval tusken D en F#. As twa toanen tagelyk klinke kinne der konsonante (goed klinkende) en dissonante (wriuwende) klanken ûntstean. De toanen fan in mineurtoanljedder ferskille fan de majeurtoanljedder. In wichtich ferskil is de lytse terts. Bygelyks foar de toanljedder c-mineur is de tredde toan, Es, in lytse terts heger as de grûntoan C. Ynstee fan mineur' wurdt ek wol 'lytse terts' sein.
  4. kwart - In 'reine' kwart bestiet út 5 heale toanôfstannen, bygelyks c'-f'. In kwart kin njonken 'rein' ek 'fermindere' (bg. c'-fes') of 'oermjittich (bg. c'-fis') wêze. In oermjittige kwart' wurdt ek wol tritonus neamd.
  5. kwint - De frekwinsjeferhâlding tusken twa toanen dy't in 'reine kwint' ferskille is yn de reine stimming 3:2, ofwol oardeheal. Yn de lyksweevjende stimming lykwols, is dy toanôfstân wat minder as 'oardeheal', nammentlik 27/12, likernôch 1,4983. Op dy wize kinne alle tolve heale toanôfstannen lyklutsen wurde en kin yn alle toansoarten like suver (of like falsk) spile wurde mei mar tolve toetsen op it klavier. It lytse ferskil tusken in 'lyksweevjende kwint' en 'reine kwint' wurdt nammentlik troch it minsklik ear mar amper as 'falsk' heard. Op syn heechst is yn in langduorjend 'steand' akkoart it ferskil waar te nimmen: in 'rein akkoard' is helderder. In goed koar sjocht dêrom ôf fan pianobegelieding by stúdzje en útfiering, it hat dan mear oanstriid reine akkoarden te sjongen. Sa ûntstiet de typyske heldere koarklank fan de bettere a capella-selskippen.
  6. sekst - In sekst kin, krektas har omkearing, de terts, lyts wêze, of grut, of fermindere of oermjittich (mar nea rein).
  7. septym - Krektas har omkearing, lyts, grut, fermindere of oermjittich (nea rein)
  8. oktaaf - De frekwinsjeferhâlding tusken twa toanen dy't in rein oktaaf ferskille is 2:1. It docht bliken dat as minsken toanen hearre dy't ien of mear oktaven yn toanhichte ferskille, hja dy as 'itselde' ûnderfine. Noatenammen wurde dêrom yn it oktaaf werhelle.
  9. none - De none kin sjoen wurde as in oktaaf plus in sekunde. Yn mingklank is in none lykwols gâns minder dissonant as in sekunde, foaral as de kwint ek oan de mingklank tafoege wurdt. De none kin dan ek sjoen wurde as in steapeling fan twa kwinten. Yn sjongstikken wurdt dit en elk grutter ynterfal meast mijd om't er melodysk min te reitsjen is.
  10. decime - oktaaf plus terts
  11. undecime - oktaaf plus kwart
  12. duodecime - oktaaf plus kwint
  13. terdecime - oktaaf plus sekst
  14. kwartdecime - oktaaf plus septym
  15. kwintdecime - 2 oktaven

Omkearde yntervallen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterfallen kinne ek 'omkeard' wurde. Dat bart altyd yn it oktaaf: it omkearde fan in terts is in sekst: it omkearde fan in prime is in oktaaf ensf. As in reine ynterval omkeard wurdt, bliuwt it rein, grut wurdt lyts en lyts wurdt grut. De omkearing fan bygelyks in lytse terts is in grutte sekst. Twa yntervallen dy't elkoars omkearing binne en sadwaande tegearre in oktaaf foarmje wurde 'komplemintêre' yntervallen neamd.

Der binne saneamde dissonante yntervallen, en konsonante yntervallen.

Folslein konsonant binne: alle reine yntervallen;
Unfolslein konsonant binne: alle grutte en lytse tertsen en sexten;
Dissonant binne: alle oare yntervallen.

in oermjittige sekunde (klinkt as lytse terts) Toanhichte is yn ojektive sin de frekwinsje fan in muzyknoat. Bygelyks de A hat in frekwinsje fan 440 Hz - tsjintwurdich. Tjinstwurdich (2007) want eartiids wie de toanhichte fan de A oars, bygelyks by in âlde piano kin de A in frekwinsje fan 435 Hz ha.

Troch dizze standerttoanhichte fan de A wurdt ek de toanhichte fan alle oare muzyknoaten útmakke. Op in piano ferskilt bygelyks elke heale noat mei in faktor tolfdemachtswoartel út 2 of 21/12. In oktaaf is 12 heale noaten en komt oerien mei in frekwinsjeferhâlding fan 2:1. As bygelyks de A-snaar fan in fioele 440 Hz is, dan is de A in oktaaf heger: 880 Hz.