Draak

Dizze side giet oer it mytyske wêzen draak. Foar oare betsjuttings, sjoch: draak (betsjuttingsside).
In draak (Gryksk: δράκων), yn 'e mytology, is in reptylêftich bist, soms mei wjukken. Yn teltsjes oer draken wurdt gauris beskreaun dat se fjoer spuie en tige wyld wurde tsjinoer minsken, dieren en oare draken. Yn Aazje is it lykwols in freonlik bist, dat minsken helpt.
Yn de media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Harry Potterrige wurde draken beskreaun as tige moarddiedich en moat Harry Potter sels tsjin 'e dwylsinnichste fan allegearre fjochtsje. Ek yn in Fryske sêge (folksteltsje) wurde draken beskreaun, sjoch de keppeling.
Op flaggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne trije geografyske flaggen dêr't in draak op ôfbylde is, nammentlik op dy fan Wales, Bûtan en Malta.[1] Op de flagge fan Wales symbolisearret de reade draak de striid tsjin de 'wite draak', oftewol eartiids de Angelsaksen en no de Ingelsklju.[2] Op de flagge fan Bûtan symbolisearret de draak de Druk, in draak út de Bûtaneeske mytology.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Noaten
Boarnen |