Doarpstsjerke (Staphorst)
Doarpstsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Oerisel | |
gemeente | Staphorst | |
plak | Staphorst | |
koördinaten | 52° 38'N 6° 12' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Hersteld Herfoarme Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Huls architectenbureau | |
boujier | 1763 (toer); 1952-1954 en 1991-1992 (tsjerke) | |
Webside | ||
Side fan gemeente | ||
Kaart | ||
De Dorpskerk (Doarpstsjerke) fan Staphorst is in tsjerkegebou fan 'e hersteld herfoarme gemeente. De gemeente hie yn 2012 in ledetal fan 4.775 en foarmet ien fan de grutste befindelik grifformearde gemeenten fan it lân. It gebou telt 2.300 sitplakken en is dêrneffens ek ien fan 'e grutste tsjerken fan út lân. Der is sneins twa kear preek en in part fan de froulju draacht dan de tradisjonele dracht.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Staphorst hie al foar 1282 in eigen tsjerke. Dy tsjerke waard yn 1436 ferfongen troch nijbou op it tsjintwurdich noch besteande tsjerkhôf oan 'e Olde Kerkhofsweg. Oarspronlik wie dy tsjerke wijd oan de hillige Nikolaas. Foar de twa klokken wie der in klokkenstoel op it hôf. Nei de útwreiding fan it doarp kamen de bewenners jimmeroan mear fierder fan 'e tsjerke te wenjen. Dat late healwei de 18e iuw ta klachten oer de lizzing fan de tsjerke. Boppedat wie it fan beammen omseame tsjerkepaad by min waar hast net te gean. Jild foar nijbou hiene de bewenners net.
In foarse donaasje fan 3.500 gûne fan Antoni Frederik Coning út Hasselt, in âld-ynwenner fan Rouveen, joech de oanset ta de bou fan in nije tsjerke. Mei de skinking, bydragen fan 'e leden en in kollekte yn 'e tsjerken fan 'e provinsje Oerisel kaam it nedige jild op it kleed. Ein juny 1752 waard útein set mei de bou fan in nije tsjerke. Al foar de winter wie it bouwurk foltôge en op 17 desimber hold dûmny Putman syn earste preek nei oanlieding fan Ezra 6:14-16. Meiïnoar hie de bou 7.864 gûne koste.
De hjoeddeiske tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske tsjerke waard tusken 1952 en 1954 boud om't de 18e iuwske foargonger te lyts waard foar de jimmeroan groeiende gemeente. De toer fan 'e âlde tsjerke út 1763 is in ryksmonumint en bleau by de bou fan 'e nije tsjerke stean. Eigner fan de toer is de gemeente Staphorst en offisjeel heart de toer net by de tsjerke. Yn de jierren 1991-1992 ûndergyng de tsjerke op 'e nij in foarse útwreiding om't it gebou yntusken wer te lyts woarn wie. Foar de útwreiding moast in oanbuorjende pleats ôfbrutsen wurde. Tagelyk mei de útwreiding waard de 20 meter hege toer nei 32 meter ferhege, om't oars de ferhâlding fan tsjerke en toer net mear mei inoar yn oerienstimming wiene.
-
Ynterieur foar de ôfbraak yn 1952
-
De tsjerke nei de nijbou yn de jierren 1950
-
De tsjerke nei it ferheegjen fan de toer en de útwreiding yn de jierren 1990
De twa klokken fan de tsjerke waarden yn 'e Twadde Wrâldkriich troch de besetter roofd. Ien klok datearre fan 1417 en de oare, in brûnzen klok fan 1000 kilo, wie yn 1512 troch Geart fan Wou getten. Beide klokken hongen ea yn in klokkestoel by de tsjerke fan 'e 18e iuwske foaronger. Nei de kriich waard allinne de klok út 1512 werom fûn. De klok wie lykwols skeind en nei in restauraasje skuorde de naad op 'e nij iepen. Sûnt docht de klok gjin tsjinst mear en rêst er yn de tún foar de tsjerke. [1]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan de Doarpstsjerke is oarspronklik ôfkomstich út de Trinity Baptist Church yn Colne yn it Ingelske greefskip Lancashire. It waard dêr yn 1891 troch de firma Hardy & Son boud. Om't de Trinity Baptist Church sletten waard is it oargel ferkocht oan de hersteld herfoarme gemeente fan Staphorst. Yn 1991 waard it ynstrumint yn de Doarpstsjerke opboud troch BAG Orgelmakers út Ynskedee.
Pastorije
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pastorije fan 'e tsjerke stiet foar de tsjerke oer en waard yn 2007 it "Monumint fan it jier" fan de gemeente Staphorst. Dat waard by de iepening fan 'e lanlike Monumintendei bekend makke. Neffens de foarsitter fan de lokale advysrie foar monuminten foarmet de pastorije in ienheid mei de tsjerke en is de pastorije sûnt de bou yn 1909 wakker gelyk bleaun.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Dorpskerk (Staphorst)
|