Director's cut
In director's cut is in oanpaste ferzje fan in film dy't de film werjout sa't de regisseur him hawwe wollen hie as er frij west hie fan 'e beheinings dy't de filmstudio, it budget en/of de technyske mooglikheden fan dat momint him opleine. Soks hoecht net spesifyk om in film te gean, mar kin ek foarkomme by in ôflevering út in tillefyzjesearje, in fideoklip, in reklamespotsje of in fideospultsje. De term komt út it Ingelsk en betsjut letterlik "sneed fan 'e regisseur" (oftewol "montaazje fan 'e regisseur"). Ornaris komt in director's cut del op in langer gehiel troch it tafoegjen fan sênes dy't foar de oarspronklike ferzje weismiten wiene en/of it ynpassen fan in alternative ein.
Yn 'e ynternasjonale filmyndustry is it wizânsje dat de úteinlike ferzje fan in film yninoarset wurdt troch de filmeditor by in proses dat filmmontaazje hjit. Dat bart normaliter ûnder tafersjoch fan 'e regisseur. De film dy't op dy wize makke wurdt, kin lykwols ôfwiisd wurde troch de produsint en/of in testpublyk. Dêrfoar kinne ferskate redens wêze, mei as faakst foarkommenden in te yngewikkeld ferhaal of in te kontroversjeel barren (lykas de dea fan in populêre haadpersoan oan 'e ein fan 'e film). Mei't de produsint oer de finansiering fan it filmprojekt giet, hat dy ek de úteinlike sizzenskip oer hoe't de film derút komme moat te sjen. Hy kin dêrom de regisseur twinge om feroarings oan te bringen dêr't de regisseur it sels eins net mei iens is. As de útbrochte ferzje fan 'e film oanslacht, wurdt letter faak dochs ek noch de director's cut publisearre, sadat der dan twa ferzjes fan 'e film njonkeninoar besteane.
It kin lykwols ek wêze dat de publikaasje fan in director's cut dien wurdt sûnder dat de regisseur en de produsint it ea ûniens west hawwe. Yn sokke gefallen tsjinnet it útbringen fan 'e director's cut útslutend as in middel om mear jild binnen te swyljen troch in ekstra kommersjeel produkt op 'e merk te bringen. Sokke director's cuts binne ornaris inkeld langere ferzjes fan 'e besteande film mei materiaal tafoege dat by de oarspronklike montaazje fuortsnien wie. In earliker namme foar sokke filmferzjes is extended cut ("útwreide ferzje") of special edition ("spesjale edysje").
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |