Diploïde
In genoom of in sel hjit diploïde as dizze yn de selkearn fan elk gromosoom twa eksimplaren hat, troch in befruchting ôfkomstich fan twa haploïde geslachtssellen.[1] It tal gromosomen wurdt werjûn mei 2n. Elk gen sil dus op syn minst twa kear foarkomme.
Yn de libbenssyklus fan in organisme binne de geslachtssellen haploïde. In haploïde sel hat fan elk gromosoom ién eksimplaar yn de selkearn. By de befruchting terane de kearnen fan twa geslachtssellen en ûntstiet dan wer in diploïde sel.
By dieren binne de gameten de iennichste haploïde sellen. It minsklik lichem bestiet foar it grutste part út diploïde sellen, elk mei 2 x 23 = 46 gromosomen. De geslachtssellen hawwe elk 23 gromosomen.
Foar planten en in soad oare organismen kin dat oars lizze, ôfhinklik fan de kearnfaze.
Benammen by planten kinne troch genoommutaasjes ek libbensfetbere polyploïden optrede. Sa binne der ûnder oare tetraploïde, Heksaploïde en oktoploïde planten bekend yn it wyld. Keunstmjittich wurde bygelyks foar de plantebou sterile triploïde planten kweekt, dy’t gjin sied foarmje.
By bisten binne de polyploïde neikommelingen gewoanwei net of minder libbensfetber, of swakker ûntwikkele yn beskate skaaimerken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|