Springe nei ynhâld

Privee-detektive

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Detective (berop))
In privee-detektive oan it wurk.

In privee-detektive (ek wol partikulier ûndersiker neamd) is immen dy't gegevens sammelet en analysearret, yn 'e regel om ûnrjochtmjittige dieden of misdriuwen op te lossen of foar te kommen. It bedriuw fan in privee-detektive hjit in detektiveburo. Privee-detektives binne gjin plysjefunksjonarissen en operearje sadwaande op eigen manneboet. Om soks yn goede banen te lieden, moatte privee-detektives yn in protte lannen (wêrûnder Nederlân) in fergunning hawwe, dy't se ferlieze kinne as se harren boekje te bûten geane (bgl. troch harsels foar te dwaan as plysjeman).

Privee-detektives kinne ynhierd wurde troch partikulieren, mar wurkje faak foar abbekaten of abbekatekantoaren. Ta harren kearntaken heart û.m. it sammeljen fan ynformaasje foar de bewiisfiering yn sivylrjochtlike en strafrjochtlike saken, opspoarings fan fermiste persoanen en foarwerpen, tadrachtsûndersiken en it útfieren fan observaasjes (sawol statyske observaasjes fanôf in fêst punt as dynamyske observaasjes fanút in observaasjefiertúch). Fierders hâlde se har ek dwaande mei it sammeljen fan ynformaasje út iepen en heal-iepen boarnen, bgl. foar antesedinte-ûndersiken.

Fanwegen it misdie-oplossende aspekt fan harren wurk foarmje privee-detektives in ûnderwerp dat in protte misdieskriuwers tige leaf is. De alderbekendste privee-detektive út 'e literatuer is Sherlock Holmes, it geastesbern fan 'e Skotske auteur Arthur Conan Doyle. Oare ferneamde fiktive privee-detektives binne Philip Marlowe en Hercule Poirot.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.