De Havilland D.H.89 Dragon Rapide
De Havilland D.H.89 Dragon Rapide | |
---|---|
Rol | Passazjiersfleantúch |
Makker | de Havilland |
Earste flecht | 17 april 1934 |
Yn tsjinst | july 1934 |
Tal makke | 731 (1934-1946) |
Brûkers | Royal Air Force en tsientallen oare, û.o KLM |
Farianten | de Havilland Dominie |
De de Havilland D.H.89 Dragon Rapide is in dûbeldeks passazjiersfleanmasine, mei twa motors, foar de koarte ôfstân, fan it Britske fleantúchfabryk De Havilland Aircraft Company út de jierren tritich fan de 20e iuw.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Dragon Rapide waard ûntwikkele út de D.H.84 Dragon, waans 130 hk motors net sterk genôch wiene om op ien motor te fleanen. De D.H.89 krige nije seissylindermotors, de Gipsy Six fan 200 hk. Teffens koene der mear passazjiers yn de kabine en waard it draachflak fan de fleugels fergrutte.[1] De oantsjutting fan it model wie yn 't earstoan D.H.89 Dragon Six; ein 1934 neamde de doetiidske direkteur fan De Havilland Francis St Barbe it tastel lykwols om ta Dragon Rapide, om de gruttere prestaasjes fan it tastel yn de namme sjen te litten. Später erfolgte eine Verkürzung auf Rapide.
Yn july 1934 waarden de fleantugen oplevere. Feroaringen oan de lâningskleppen yn 1937 late ta de ferzje D.H.89A, dêr't guon fan útrisd waarden mei Gipsy-Queen-motors. In foar de eksport ornearre militêrtransportsttel wie de D.H.89M.
Yn 1936 fleach in D.H.89 de spaanske Generaal Franco fan de Kanaryske Eilannen nei Spaansk-Marokko. Dat wie it begjin fan de neifolgjende Spaanske Boargerkriich.
Sa'n 200 eksimplaren waarden oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich makke foar de boargerloftfeart. Yn dy oarloch waarden fierdersgoed 500 tastellen mei Gipsy-Queen-motors ôflevere, dy't foar in part ek yn oare fabriken makke waarden. De D.H.89B Mk.1 waard brûk foar de oplieding fan navigators; de Mk.2 wie in ferkenningsfleantúch, wie licht bewapene, en tsjinne as ferbiningsfleantúch. Dy tastellen waarden by de Royal Air Force as de Havilland Dominie oantsjut.
Oant july 1946 wiene der 731 tastellen boud. In stikmannich tastellen binne no noch fleanree. It Imperial War Museum Duxford hat twa D.H.89 foar rûnflechten boppe it fleanfjild. Twa oare tastellen fleane noch yn Nij-Seelân en it Fleanend Museum yn Großenhain hat ek noch in fleanree tastel.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]de Havilland D.H.89A: | |
Gegevens | |
---|---|
Langte | 10,5 m |
Fleugelspanwiidte | 14,6 m |
Fleugeloerflak | 31,6 m² |
Hichte | 3,1 m |
Oandriuwing | 2 × 6-sylinder-linemotor de Havilland Gipsy Six fan je 200 hk (150 kW) it stik |
Heechste faasje | 253 km/o op 300 m |
Klimfaasje | 4,3 m/s |
Fleanberik | 837 km |
Bemanning | 2, 8 passazjiers |
Tsjinstplafond | 5090 m |
Gewicht leech | 1460 kg |
Maks. fleangewicht; | 2490 kg |
-
Dragon Rapide fan Isle of Man Air Services op it fleanfjild fan Manchester yn 1938
-
DH-89 Dragon Rapide, Loftfeartmuseum, yn Rio de Janeiro
-
de Havilland Dragon Rapide op Duxford Aerodrome, fleanree
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Havilland D.H.89 Dragon Rapide fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|