Diagnostic and Statistical Manual of Mental Disorders
Appearance
(Trochferwiisd fan DSM-5)
De Diagnostic and Statistical Manual of Mental Disorders (DSM) is in hânlieding, skreaun troch de Amerikaanske Psychiatryske Beropsorganisaasje en omskriuwt de kritearia foar psychyske steuringen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste ferzje fan de DSM is fan 1952. Yn rûchwei 65 jier binne de neikommende ferzjes wrâldkundich makke:
- DSM-I (1952)
- DSM-II (1968)
- DSM-III (1980)
- DSM-III-R (1987)
- DSM-IV (1994)
- DSM-IV-TR (2000)
- DSM-5: (18-22 maaie 2013)[1]
Nivo systeem
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De DSM ûnderskiedet him yn fiif nivo’s neffens skaaimerken fan oandwanings of steurings:
- Nivo I: meast foarkommende psychyske steuringen, problemen mei persoanlike ûntjouwing, learproblemen.
- Nivo II: persoanlikheidssteuring, ûntjouwingssteuring.
- Nivo III: medyske oarsaak foar psychyske steurings.
- Nivo IV: Ynfloed fan sosjale omjouwing op psychologyske tastân.
- Nivo V: Nivo wêrop prestaasjes levere wurde (100 punten is it bêste, 1 punt it minste).
Boppesteande nivo’s wurde ûnder mei konkrete foarbylden oanjûn:
- klinyske depresje, bipolêre steurings, eangststeurings, ADHD, skizofreny, foby
- Skizoïde persoanlikheidssteuring, skizotipyske persoanlikheidssteuring, borderline- persoanlikheidssteuring, Paranoïde persoanlikheidssteuring, anty-sosjale persoanlikheidssteuring, narksistyske persoanlikheidssteuring, teatrale persoanlikheidssteuring, mijende persoanlikheidssteuring, ôfhinklike persoanlikheidssteuring, obsessyf-kompulsive persoanlikheidssteuring
- Skeinde harsens, sûkersykte
- Dea fan heit, wurkleazens, buorrelêst
- Mjitynstrumint
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |