Cotentin
Cotentin is in skiereilân yn Normandje yn it noardwesten fan Frankryk.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cotentin heart foar it measte by it departemint Manche, mar yn it easten ek by it departemint Calvados. Yn it suden grinzget it skiereilân oan it lânskip Avranchin om de stêd Avranches hinne, yn it easten oan de krite Bessin. De grutste stêd op it skiereilân is Cherbourg-en-Cotentin, dy't yn it noarden leit. Is is in havenstêd mei likernôch 120.000 ynwenners. Oare plakken dy't op Cotentin lizze binne Coutances, Barfleur, Saint-Lô, Bricquebec, Granville, Barneville-Carteret, Carentan en Valognes.
Op it skiereilân lizze fiif soarten lânskippen:
- La Hague
- Val de Saire
- Côte des Isles
- Plain
- De sompen fan Carentan; tsjintwurdich it regionale natoerpark Marais du Cotentin et du Bessin
Foarhinne wie it skiereilân hast in echt eilân. Allinne in smelle stripe by Lessay ferbûn Cotentin mei it fêstelân. Troch de slûzen dy't boud binne is Cotentin in skiereilân woarn.
Yn it easten fan it skiereilân begjinne mei Utah Beach by Carentan de ynfaazjestrannen fan de Twadde Wrâldkriich. Op 6 juny begun dêr D-Day, it begjin fan de befrijing fan West-Europa.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Normandysk is hast oeral yn Normandje útstoarn, mar hat it op Cotentin noch it langst folholden. Mar ek dêr driget it Cotentinais, de fariant op Cotentin, út te stjerren.
Wrâlderfgoed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It troch Sébastien Le Prestre de Vauban boude fort fan Saint-Vaast is sûnt july 2008 byskreaun op de list fan it UNESCO-wrâlderfgoed.