Springe nei ynhâld

Konversaasjestik

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Conversation piece)
Sir George and Lady Strickland in the Grounds of Boynton Hall, 1751. In conversation piece fan Arthur Devis (1712–1787)

In konversaasjestik (ek de Ingelske term conversation piece wurdt in soad hantearre) yn de skilderkeunst is in ynformeel groepsportret, werjûn yn in húskeamer of in tún, dêr't de portrettearren mei-inoar op yn petear binne of harren oars ûnderhâlde. De ôfbylde persoanen binne faak famyljeleden, al of net beselskippe fan freonen, dy't noflik mei-inoar dwaande binne om in tafel hinne, oan in miel, by in húskonsert of ûnder de jacht.

It sjenre wie benammen populêr yn Grut-Brittannië yn de 18e iuw, hoewol 't it mooglik syn oarsprong fûn yn de santjinde-iuwske Nederlânske skilderkeunst en yn beskate sin ferlykber is mei it sjenrestik.

De komposysjes fan fleurige selskippen en túnfeesten fan keunstners as Dirck Hals, David Vinckbooms, Adriaen van de Venne en Willem Buytewech wiene fan grutte ynfloed op it sjenre. Dêrneist joegen foarstellingen fan elegante selskippen en bals fan Hieronymus Janssens en de wurken fan Peter Paul Rubens, yn it bysûnder syn Tuin der liefde (Prado museum ), in ympuls en rjochting oan de ûntwikkeling fan it sjenre. Yn dat lêste wurk liet Rubens sjen hoe't in tún brûkt wurde koe as dekôr foar amoereuze ôfspraakjes en ferkearing. [1]

De term is ûntliend oan de sacra conversazione ("it Hillige Petear'), in komposysjefoarm dêr 't Madonna mei bern yn it selskip fan twa of mear hilligen set is en mei har liket te praten.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mary Tavener, Nicolas Lancret: Dance Before a Fountain, Holmes Getty Publications, s. 13-14
  2. http://cms.dordrecht.nl/dordt?nav=nxktlEsHaKpPkCbCrBWrB