Caylian Curtis
Caylian Curtis | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Kathy Lee, Kathy Birch, Kathy | |
echte namme | Kateřina Staňková | |
nasjonaliteit | Tsjechysk | |
berne | 12 augustus 1981 | |
berteplak | Praach (Tsjechje) | |
etnisiteit | Boheemsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2006 – no | |
offisjele webside | ||
www.cayliancurtisonline.com |
Caylian Curtis, echte namme Kateřina Staňková (Praach, 12 augustus 1981), is in Tsjechysk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Kathy Lee, Kathy Birch en sljochtwei Kathy.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Curtis is berne is yn 'e Tsjechyske haadstêd Praach, en groeide dêr ek op as de âldste yn in gesin mei twa bern. Hja folge in universitêre stúdzje rjochten en iepenbier bestjoer en wist nei har ôfstudearjen in bedriuwsmanagementfunksje te bemachtigjen.
Al rillegau dêrnei begûn se te posearjen foar neakenblêden; sa wie se yn 2006 de Playboy Playmate en Miss September fan 'e Tsjechyske Playboy. Yn july fan dat jier kaam Curtis yn 'e kunde mei de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, dy't har nei lang oantrúnjen safier krige dat se deryn tastimde om yn syn folgjende film te spyljen. Dat wie de megaproduksje Xcalibur, fan 'e studio Pierre Woodman Entertainment, dy't yn augustus 2006 opnommen waard mei in budget fan € 800.000,— en in cast fan 40 aktrises, 35 manlike akteurs en 250 figuranten.
Yn septimber 2006 naam Curtis har artystenamme oan en tekene se foar € 300.000,— in eksklusyf kontrakt foar trije jier mei Pierre Woodman Entertainment. Sûnt hat se û.m. yn 'e oare beide dielen fan 'e Xcalibur-trilogy en yn 'e film Amazonian Dreams spile.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Caylian Curtis
- (in) Biografy fan Caylian Curtis yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Caylian Curtis yn e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|